Tal fan olympiërs yn de skoalbanken: dit is it geheim fan Sevenwolden
Femke Kok, Jenning de Boo, Jens van 't Wout, Suzanne Schulting, Kjeld Nuis, Antoinette Rijpma-de Jong: se hawwe allegearre wat mienskipliks.
Ja, se steane ek allegearre op redens en hawwe allegearre olypmpyske medaljes yn 'e bûse.
Mar der is noch wat: se sieten allegearre op de Sevenwolden Campus op It Hearrenfean.
De topsportoplieding fan de middelbere skoalle is hôfleveransier olympysk kampioenen.
Op it earste each liket it in deagewoane skoalle, mar binnen wurdt al gau dúdlik dat der hjir hiel wat sportikoanen yn de skoalbankjes sitten hawwe.
In libbensgrut skilderij fan Suzanne Schulting yn shorttrackpak mei wapperjende Nederlânske flagge pronket oan de muorre fan de sintrale hal, yn de kantine stiet in prizekast grôtfol mei bekers.
Sportive karakter
Gert de Boer, topsportkoördinator fan de Sevenwolden Campus, is tige grutsk op wat de oplieding ôflevere hat oan suksesfol talint.
In part fan dat sukses komt troch it sportive karakter fan It Hearrenfean.
"We hebben hier het schaatsen, shorttrack, turnen en TeamNL. Dat trekt natuurlijk al een aantal sporters."
Ek leit hy út dat it ambisjeuze sportbelied fan de gemeente derfoar soarget dat âlden mei talintfolle bern har fêstigje op It Hearrenfean.
De koördinator hat troch de jierren hinne in soad stjerren begelaat.
"De echte pareltjes herken je meteen", seit De Boer mei in glimk. Dy bysûndere talinten falle fuortendaliks op troch harren gedrach yn de klasse.
Se hawwe in útsprutsen miening oer dingen én se hawwe dúdlike doelen foar harsels, seit De Boer.
"Niet alleen in de sport, ze hebben ook door dat er naast de sport iets moet gebeuren."
Femke Kok lokke
Ferskate leginden dy't harren roots hawwe by de Sevenwolden Campus, lykas Sven Kramer en Epke Zonderland, binne yntusken mei sportyf pensjoen.
Foar De Boer stiet syn werklike pensjoen no ek foar de doar.
As er weromsjocht op syn karriêre sjit ien oantinken gelyk yn it ûnthâld: de huldiging fan in jonge Femke Kok.
"Ze had het WK junioren gewonnen en ik mocht haar hier huldigen in de kantine."
"Toen was het nog zo'n bescheiden meisje, ik moest haar bijna naar deze locatie lokken om gehuldigd te worden. Het is gewoon geweldig om te zien wat voor talent het toen al was en wat er nu van geworden is."
Femke Kok is no dus ien fan de grutte stjerren fan it iis. De folgjende generaasje is alwer yn oantocht.
Twa potinsjele toppers binne shorttracker Djoeke Schmitz en langebaanreedrider Thijs Wiersma.
Se binne tige wiis mei de sportoplieding. Beiden fine de kombinaasje fan stúdzje en sporten hiel goed te dwaan. De studinten krije somtiden sels ien-op-ien les om ek harren sportskema's útfiere te kinnen.
De yllústere learlingen dy't har foargongen ynspirearje de kampioenen yn 'e dop.
"De manier waarop Sven Kramer van de junioren naar de senioren ging en zo gedomineerd heeft, dat is iets wat ik ook wil proberen", seit Wiersma.
Hy timmeret sels ek flink oan 'e wei, ferline moanne pakte hy noch it wrâldrekôr foar junioaren op de 3.000 meter.
Op nei Frankryk
Mei de útsprutsen mieningen en dúdlike doelen sit it wol goed.
"Mijn ambitie is toch wel om ooit olympisch kampioen te worden", seit Schmitz mei in brede glim.
Wiersma is ek helder: "Ik wil naar de Spelen van 2030 en 2034, en dan ga ik voor goud."