Gjin twa ton, mar reedrydklup De Kluners is wiis mei opbringst pak Femke Kok
It sinjearre reedrydpak fan Femke Kok dêr't sy op de Olympyske Spelen fan Milaan in sulveren en gouden medalje yn wûn, is op in online feiling ferkocht foar 4.802 euro.
75 prosint fan de opbringst giet nei reedrydferiening De Kluners út Drachten. Hjir makke Femke Kok as lyts famke har earste slaggen op it iis.
Op de kaart
Foarsitter Marjanne de Jong fan De Kluners is der tige wiis mei dat de klup in grut part fan de opbringst krijt. "Femke hat yn Milaan in geweldige prestaasje levere. Tegearre mei Jutta Leerdam hat sy de reedrydsport goed op de kaart setten."
Hoewol de 4.802 euro in moai bedrach is, smiet it pak fan konkurrinte Jutta Leerdam folle mear jild op. De olympysk kampioene op de 1.000 meter seach dat in bedrach fan 195.000 euro it winnende bod waard.
Online feiling
Op in feiling fan NOC*NSF en it feilingplatfoarm MatchWornShirt waarden ek items fan oare Nederlânske olympyske sporters feild mei in totale opbringst fan 275.345 euro.
It winnende bod foar it pak fan Femke Kok wie 4.802 euro en kaam fan ien út Nederlân. Der waard yn totaal 63 kear bean op it pak fan Kok.
"As Jutta eartiids by dyn klup begûn is, is dat in lot út de lotterij fansels", seit De Jong deroer.
"Yn fergelyk dêrmei is dit bedrach in stikje leger, mar wy binne der lykwols tige wiis mei. Wy binne bliid mei alles wat wy as feriening krije. It is geweldich dat Femke oan ús tocht hat. Dêrmei set se ús feriening ek wer eefkes op de kaart."
Bestimming noch net bekend
Om't it krekte bedrach noch net bekend is, wit de feriening noch net krekt wat der mei it jild dien wurde sil.
"Wy hawwe it der al wol eefkes oer hân yn it bestjoer, mar hoe en wat we krekt mei it bedrach dwaan sille, witte we op it stuit noch net."
Yn syn algemienheid hopet De Jong dat alle leden derfan profitearje. "Dan giet it sawol oer de breedtesport as de wedstriidsport."
Sûne feriening
Neffens De Jong is De Kluners mei sa'n 150 leden in stabile en sûne feriening.
"21 maart fiere wy ús 60-jierrich bestean. Dy jûn binne ûnder oaren âld-riders Lieuwe de Boer en Hilbert van der Duim te gast. Wy hoopje dat Femke dan ek tiid hat, sadat wy har huldigje kinne by de klup dêr't it ea foar har begûn."
Kok en De Kluners
Op it stuit is Femke Kok gjin lid mear fan De Kluners. "Sy is sa talintfol dat se ús nivo ûntgroeid is."
Dochs docht de kampioene út Nij Beets sa no en dan noch wat foar de feriening. "Sy hat wolris in sportclinic oan ús jeugdleden jûn en ek hat se wolris in hurdrintraining fersoarge."
De Jong hopet dat Femke Kok ek yn de takomst foar de klup nochris wat dwaan wol, lykas it jaan fan in training.
"Bygelyks wannear't se aanst ophâldt mei har reedrydkarriêre, en sy moat it dan sels ek wolle fansels. Mar ik hoopje dat wy earst noch hiel lang fan Femke Kok as profesjoneel reedrydster genietsje kinne."