Omrop Fryslân

Unike bylden fan ien fan de lêste optredens Akke Radsma ûntdutsen: no foar it earst wer te sjen

Akke Radsma op byld by ien fan har lêste foarstellingen
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Foar leafhawwers fan Akke Radsma: der binne nije, bysûndere bylden fûn út 1997. In waarme weromblik op ien fan har lêste optredens. It Fries Film & Audio Archief hat de bylden digitalisearre en beskikber makke foar eltsenien.
It giet om har optreden yn Drylts yn 1997. It is ien fan de lêste shows fan de de eartiids ferneamde Fryske aktrise, kabaretiêre en foardrachtkeunstner, fêstlein yn in feesttinte fol sfear.
Ien fan de lêste optredens fan Akke Radsma
It giet om in optreden op 23 april 1997, filme yn in feesttinte by it 100-jierrich bestean fan muzykferiening Concordia.

Dochs in kear op kamera

Filmer Sjouke Fijlstra lei de hiele show fan Selskip Akke Radsma fêst. Hy seit dat er fuort wist hoe unyk dit wie, omdat it selskip eins nea filme wurde woe.
"Ik haw de kamera oandrukt en net wer út hân. No komme se dochs in kear op de kamera", seit er.
Jurjen Enzing fan it FFAA en Sjouke Fijlstra prate oer de bylden
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It FFAA hat de opnames no digitaal bewarre en in kompilaasje makke mei de hichtepunten fan de foarstelling.
De bylden litte Akke sjen sa't in protte har ûnthâlde: waarm, humoristysk en mei in persoanlikheid dy't it publyk altyd meinam.
Ald-kultuersjoernalist Pieter de Groot hat in preview fan de opnames
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ald-kultuersjoernalist Pieter de Groot, dy't ferskate kearen oer har skreau, hat de bylden ek sjoen. Syn reaksje: "Hiel aardich filmke. Moai dat it bewarre is, oars wurdt it wei."

Natuertalint

Neffens De Groot wie se fan grutte betsjutting foar de Fryske kultuer yn in tiid dat der noch gjin telefyzje wie. "Sy is grut wurden omdat se grut makke is op de Omrop Fryslân-radio." Hiel Fryslân lei tiisdeitejûns foar de radio.
"Se wie in natuertalint. En se koe benammen mei de praatsjes fan Oer de Hage hiel tichtby de minsken komme."
Ald-kultuersjoernalist Pieter de Groot oer Akke Radsma en de bylden
Radsma wie ek de earste artyst dy't satire yn it Frysk makke. Foar it Fryske publyk wie dat earst wol wennen, jout De Groot oan.
"Wylst it suksesfolste selskip fan dy jierren, Tetman en Jarich, de ûnderwerpen meast socht yn it ferline, gong selskip De Spinnekop mei Radsma de politike aktualiteit net út 'e wei."

Atoombom

Se makken yn de tiid fan de atoombom dêr spitse grappen oer. It late wolris ta de fraach: Kin dat allegear wol, dat der in bom ûntplofte op toaniel?
Mar it publyk wie gau om, wit De Groot.

Wa wie Akke Radsma?

Akke Radsma (1922-2008) wie in markante Fryske toanielpersoanlikheid dy't al op jonge leeftyd har paad nei it poadium fûn. Fan har santjinde ôf stie se op de planken en nei de oarloch groeide se út ta in fertroude namme yn it Fryske teater en kabaret.
Se spile yn tal fan selskippen, ferfolle haadrollen yn grutte stikken en makke ek yndruk yn iepenloftspullen. Har trochbraak by in breder publyk kaam yn de jierren fyftich mei in populêre radiorubryk, dêr't se mei humoristyske teksten in soad harkers wist te boeien.
Tegearre mei har man Jan wie se jierrenlang aktyf yn it kabaret, ûnder mear yn revu's dy't faak en mei súkses spile waarden. Letter bleau se in fêste krêft yn teaterproduksjes en nijjiersfoarstellingen, wêrby't se bekend stie om har skerpe satire. Ek har eigen programma, dat jierrenlang rûn, ûnderstreke har duorsume ynfloed. Oant op hegere leeftyd bleau se optreden en har publyk fermeitsjen.
By it FFAA leit mear erfgoed om Akke Radsma hinne. Sa binne der ek registraasjes fan meardere edysjes fan Dag Ouwe, Dag Jonge, dêr't Radsma de populêre rol fan Jeikenel yn fertolke.
Dy searje waard yn Fryslân tige wurdearre en makke har ta in bekend gesicht yn in soad húshâldens.
"Maar als gezelschap hebben we haar nog niet kunnen vinden", seit Jurjen Enzing fan it Frysk filmargyf.
Yn it Fries Film & Audio Archief
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dêrom de oprop: wa't thús noch fideo's, foto's of oare opnames fan optredens fan Akke Radsma hat, kin kontakt opnimme mei it FFAA.
"Wij stellen ons archief open voor amateurfilmers. Dorpsfeesten en dit soort optredens zijn waardevol erfgoed, en dat willen wij graag bewaren," seit Enzing.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.