Akke Radsma (86) ferstoarn

De Fryske kabaretiêre Akke Radsma is ferstoarn. Dat is sneon bekend wurden. Radsma waard as foardrachtskeunstner foaral yn de jierren 50 en 60 tige bekend. Se wie lid fan it kabaretselskip De Spinnekop.
Foar de RONO, de foarrinner fan Omrop Fryslân, waard se tige populêr mei it programma Oer de Hage mei teksten fan Paulus Akkerman. Yn 2004 is de LP Oer de Hage op CD útbrocht. Radsma naam doe it earste eksimplaar yn ûntfangst. Akke Radsma is 86 jier wurden.