Silvia fersoarget al hast 30 jier hûnderten kavia's
Silvia fersoarget al hast 30 jier hûnderten kavia's
Hast 30 jier lyn ferlyn hat Silvia Fluanta 'Caviadorp Bakkeveen' oprjochte. In plak dêr't kavia's mei in soad leafde en oandacht fersoarge wurde.
De lytse knagers krije alle dagen in goed miel. Soms mei sprútsjes, al fine net alle kavia's dy like lekker.
By it kaviadoarp stiet it wolwêzen fan de bisten foarop. Der wenje âldere kavia's dy't hjir harren âlde dei trochbringe, mar ek kavia's dy't brocht wurde en letter wer in nij hûs krije.
70 oere yn 'e wike
Silvia, har meiwurkster Ingeborg van Veen en in tal frijwilligers soargje alle dagen mei hert en siel foar de bisten. Dat freget in soad tiid, oandacht en leafde foar de bisten.
"Mar je moatte ek wol in bytsje gek wêze", sa seit Silvia. Se wurket gau 70 oeren yn 'e wike.
No't Silvia 72 jier âld is, tinkt se deroer om it stokje stadichoan oer te jaan, want it wurdt te folle. Ingeborg stiet derfoar iepen om it wurk yn de takomst oer te nimmen.
Frijwilligers en bydragen foar iten en fersoarging binne altyd wolkom, sadat dit bysûndere plak foar kavia's bestean bliuwe kin.