Fryske curlingklup fernimt effekt fan olympyske rel op it iis yn Ljouwert
Der die net in Nederlânsk curlingteam mei by de Olympyske Spelen, mar dochs seagen we manmachtich nei dizze bysûndere iissport mei glydzjende stiennen en feiende biezems.
Foaral in ynsidint yn de wedstriid tusken de manlju fan Kanada en Sweden krige in soad publisiteit.
De oanfierder fan it Kanadeeske team, de skip, soe mei syn fingers oan de stien sitten hawwe nei't er him loslitten hie.
Sa'n saneamde double touch mei net neffens de regels, en der folgen flinke skelwurden tusken de tsjinstanners.
Kanada wist letter úteinlik dochs it goud te heljen.
"Je mag de steen alleen maar aanraken bij de handle, het handvat", wit ek Richard Boezerooij fan de Curling Club Fryslân.
Mear ynteresse foar de sport
Dochs hat al dat omtinken foar de sport wol effekt.
"Zodra er meer curling op tv is, merken we meer aandacht, ook bij onze club. We geven sowieso al vrij veel clinics in het ijsseizoen."
"Tijdens de Olympische Spelen hebben we open avonden gehad, en dat heeft meerdere geïnteresseerden opgeleverd."
Fryske ynbring op Spelen
Boezerooij fynt it spitich dat de Nederlânske curlers harren net kwalifisearre hawwe foar de Spelen.
"We waren vlakbij, het herenteam heeft meegedaan aan het Olympisch Kwalificatie Toernooi, maar helaas."
Hast hie der ek noch Fryske curling-ynbring west yn Milaan.
"Bij de mixed doubles was Lisenka Bomas uit Stiens vlak bij kwalificatie, maar ze heeft het net niet gered. Heel erg jammer!"
Curling liket in ienfâldige sport, mar dat is it neffens Boezerooij net.
"Het is heel veelzijdig. Het draait om techniek, tactiek, conditie en communicatie. Het is echt een teamspel. Het kan op allerlei niveaus worden gespeeld."
Rolstoelcurling
By Curling Club Fryslân kinne ek minsken yn in rolstoel meidwaan.
"Het is een zeer inclusieve sport: jong en oud spelen door elkaar. Misschien is het wel de meest inclusieve teamsport ter wereld", tinkt Richard.
De Ljouwerter wit noch wol mear saken om syn sport oan te rekommandearjen.
"Je bent fysiek actief bezig, maar ook mentaal met de tactiek. Dus allerlei aspecten die de sport aantrekkelijk maken."
Iepen Kampioenskip
Op 28 maart organisearje de Fryske curlers foar de achtste kear it Iepen Frysk Kampioenskip curling yn de Elfstedenhal yn Ljouwert.
Ferskate klups út hiel Nederlân dogge dêroan mei.
"Mensen die belangstelling hebben, kunnen dan zien hoe het curlingspel op competitief niveau wordt gespeeld", beslút Boezerooij.