Bob Bomas út Stiens is curlingskiedsrjochter op de Spelen: "De ultieme teamsport"
Wylst de eagen fan de Fryske sportleafhawwers rjochte binne op Milaan mei it langebaanriden, komt der ek in Fries yn Cortina yn aksje. Bob Bomas fan Stiens is skiedsrjochter by curling.
"Curling is voor mij de ultieme teamsport", seit Bomas, wylst hy yn syn hotel de folumeknop op syn telefyzje in pear tikjes nei ûnderen draait.
Hoe kin it ek oars, Bomas sjocht sels op syn frije dei nei in wedstriid curling op de tv. "Het is continu communiceren en dat vind ik echt prachtig."
Hoe wurket curling?
Net elkenien sil yn syn jongere jierren op 'e curlingbaan te finen west hawwe, dus hjir in koarte útlis.
Curling is in sport op it iis dêr't twa teams fan fjouwer spilers by om beurten besykje de stien sa ticht mooglik by de skoaringsring (it hûs) te krijen. Mei de biezem besykje spilers de wriuwing fan de stien te fergrutsjen sa't dy net te fier trochglydt.
It doel is om de stiennen tichter by it sintrum te krijen as dy fan de tsjinstanner.
De 51-jierrige Bomas is berne yn Stiens en ferhuzet op jonge leeftiid nei Menaam. As hy letter syn frou kennen leart, folget tafallich de omkearde rûte werom nei Stiens.
Foar trije wiken lit hy Fryslân efter him en strykt er del yn de bergen fan de Dolomieten. Want wylst elkenien nei Milaan sjocht, bart der 400 kilometer fierderop yn it berchdoarp Cortina ek noch fan alles.
Curling yn Nederlân
Cortina hat as ien fan de mei-organisearjende stêden de sport curling op de planning. Mochten jo net alle regels fan curling út 'e holle kenne, dan is dat net nuver: yn Nederlân is it in lytsere sport.
Ta yllustraasje, by de Nederlandse Curling Bond (NCB) binne sa'n twahûndert leden oansletten. Us nasjonale team docht ek net mei oan de Olympyske Spelen. Se oerlibben it kwalifikaasjetoernoai yn desimber net.
"Nederland heeft relatief weinig nationale kampioenschappen ook", seit Bomas. "Voor een scheidsrechter heeft het als voordeel dat je eerder internationaal in actie mag. In Schotland en Canada is de concurrentie veel groter."
Yn Nederlân binne mar twa skiedsrjochters aktyf. Ien fan harren is dus Bomas, dy't no sa'n tweintich jier yn de sport sit.
"Ik zag het begin deze eeuw ergens op tv. Dat wekte toen meteen mijn interesse en daarna zocht ik op het internet of curling überhaupt mogelijk was in Nederland."
Bomas komt út by Curling Club Friesland op It Hearrenfean, dat mei sa'n 35 leden aktyf is yn Thialf. Hy fynt de sport geweldich en lit dy net wer los.
Yn 2011 set Bomas in stap rjochting it skiedrjochtersfak. Hy folget in kursus en bout in karriêre op.
"Je moet eerst vier jaar nationaal scheidsrechter zijn en daarna kun je doorgroeien tot internationaal niveau. Dat bevalt prima."
It bringt him oer de hiele wrâld. Sa gie hy ûnder oare earder al nei de Spelen yn Beijing (2022) en skriuwt hy oant no ta 25 eveneminten op syn namme.
Het is een respectvolle sport.
Gelokkich foar him is dat te kombinearjen mei syn wurk as ZZP'er, want in fetpot is it skiedsrjochterjen net. Dochs hat er alles oer foar syn passy.
"Uiteindelijk heeft iedereen wel een droom in zijn leven en die van mij is al meerdere keren uitgekomen."
Wat docht in skiedsrjochter eins?
Yn Nederlân krijt hy lykwols sa no en dan noch nuvere blikken as hy fertelt skiedsrjochter by curling te wêzen. "Mensen weten eigenlijk niet eens wat een scheidsrechter doet."
In nuvere fraach is dat net, want it is net in hiel gewoane baan. Dochs is it neffens Bomas net dreech.
"Wij stappen relatief weinig in, want de spelers overleggen zelf al veel. Het is een respectvolle sport. Wij moeten er vooral bedacht op zijn dat het spel volgens de spelregels gevolgd wordt."
Sa giet it ûnder mear oer it feit dat skiedsrjochters oan de foarkant helpe by it saneamde 'drawshot'. Spilers moatte foar de wedstriid de stien sa ticht mooglik yn de scoring area krije om te bepalen wa't begjinne mei.
"Die afstand meten wij op en dat wordt uiteindelijk ook meegenomen in de ranking van teams."
Bomas is twa wiken lang ien fan de offisjals fan Cortina. Hy hopet dat mei syn ferhaal de sport groeie kin, want dat is neffens de Stienser nedich.
"Ik zou het zelf prettig vinden als de sport iets groter is. Omdat je zo klein bent, vallen veel dingen vaak op dezelfde schouders", fertelt Bomas. "Dat is zonde, want het is een prachtige sport. We hopen dat zoveel mogelijk mensen ermee in contact komen."