Omrop Fryslân

Kening grutsk op Femke Kok: "Fantastisch wat we gezien hebben"

Kening Willem-Alexander yn petear mei ferslachjouwer Willem Vermeltfoort
© Omrop Fryslân
Kening Willem-Alexander is bot ûnder de yndruk fan de prestaasje fan Femke Kok op de 1.000 meter. De reedrydster fan Nij Beets pakte op dy ôfstân in sulveren medalje.
De kening seach de wedstriid fan de tribune by de tydlike iisbaan yn de Fiera Milano ôf. Willem-Alexander wie sichtber grutsk op de prestaasje fan de Nederlânske riders.
De kening oer de race fan Femke Kok
"De race van Femke was uniek, zo vlak boven haar pr op een laaglandbaan", seit de kening entûsjast foar de kamera fan Omrop Fryslân. Kok kaam ta in tiid fan 1.12,59, wylst har pr op de 1.000 meter op 1.12,36 leit.
De kening is bliid mei de race fan Femke Kok
© Orange Pictures
Nei de race fan Kok tocht de kening dat it olympysk goud foar har wie. "Dat was niet te verslaan."
Uteinlik wie Jutta Leerdam dochs krekt wat flugger (1.12,31). "Dat was bovenmenselijk. Het was fantastisch wat we gezien hebben vandaag."

"Dit is al supermoai"

De heit en mem fan Femke Kok libben ek bot mei har dochter mei. "Ik tink dat we mear spanning en druk fielden as Femke sels", seit heit René Kok.
"Je steane dêr, mar je kinne neat. Sy moat it dwaan."
Se hat alles jûn. As der dan immen flugger is, dan is it sa.
Mem Ilja Kok
Nei har race tocht mem Ilja dat goud der miskien wol yn siet, mar Femke Kok moast it úteinlik dwaan mei sulver.
"Dat se in olympyske medalje hat, is al supermoai", seit de grutske mem. "Se hat alles jûn. As der dan immen flugger is, dan is it sa."

Noch twa kânsen

Kok rydt ek noch de 500 en de 1.500 meter, dus der is noch kâns om dochs noch in gouden medalje te pakken.
"De foarm is der. No is it in kwestje fan net siik wurde, net te lang omhingje by it Team NL-hûs, mar se moat dit dochs even fiere", fynt mem Ilja.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.