Lokaal en ûnbewurke iten moat de feroaring wêze: "Wy hoopje op in sûnere Greidhoeke"
Unbewurke en lokaal iten. It is ien fan de punten dêr't de Greidhoeke Plus op ynsette wol. De groep, dy't bestiet út ûndernimmers, boeren, gemeenten, mar ek soarchynstellingen, lansearret in nij plan: Bioregio Greidhoeke.
Bioregio Greidhoeke moat derfoar soargje dat it gebiet biologysker wurdt en de minsken sûner. "It is wol dúdlik dat der hieltyd minder sûn libbe wurdt. We hoopje dat te kearen", leit wethâlder Evert Stellingwerf fan de gemeente Ljouwert út.
Ljouwert is ien fan de fiif gemeenten dy't yn it projekt meidocht. "Mar it giet net allinnich om it iten. Ek de greidefûgels, boeren en oare faktoaren hawwe ynfloed."
Soarchynstellingen binne entûsjast
It inisjatyf waard woansdei presintearre. By de lansearring wiene ferskate soarchynstellingen oanwêzich, dy't in soad potinsje sjogge yn it projekt.
"We merken dat er meer ziektegevallen komen door ongezond eten. Het groeit alleen maar", fertelt Erica Schaper fan it Frisius MC. "Daarnaast zorgt dat ook weer voor meer druk op de zorg. Als we deze beide dingen kunnen voorkomen, zou dat heel mooi zijn."
Hylke Bakker is húsdokter en fernimt de problematyk yn syn praktyk. "Sûkersykte, mar ek hert- en fetsykten kom ik hieltyd faker tsjin", seit er.
Feroaring
De ferskate partijen moatte gearwurkje, mar moatte ek sels kritysk nei harren eigen ynstelling of bedriuw sjen. "Per jaar gebruiken wij 140.000 maaltijden. Het is dus echt kijken hoe we lokaler en onbewerkter eten willen toevoegen", fertelt Schaper.
"We zijn bezig met steeds gezonder eten en dat is ook echt een doel voor ons voor de komende jaren."
Húsdokter Bakker bringt de minsken yn syn praktyk foaral op de hichte fan it belang fan it sûn iten.
Takomst
De groep hat fertrouwen yn it projekt, nettsjinsteande it feit dat it wol in projekt fan de lange azem is. "Wy lûke hjir wol acht à tsien jier foar út, mar tsjin dy tiid ferwachtsje en hoopje ik wol dat der moaie stappen set binne", fertelt wethâlder Stellingwerf.
"Dat we wat sûner binne en dat we mear streekprodukten, lykas molke en tsiis sjogge yn 'e regio."
Bakker sjocht ek dat it net fan de iene op de oare dei slagget. "Minsken wolle wol, mar it echt tapasse, fine se lestich. Der moat in rûtine komme en dan moatst saken feroarje en dat is somtiden lestich."
Mar, Bakker sjocht wol posityf nei de takomst. "Ik sjoch in moaie gearwurking mei in soad ferskate partijen, dy't itselde doel hawwe. En as je dat hawwe, komt it goed."