Omrop Fryslân

Oergewicht is net dyn eigen skuld, seit diëtiste Mathilda Wijma

Diëtiste Mathilda Wijma
© PhotographYsanne
Dat minsken mei slim oergewicht of obesitas it oan harsels te tankjen hawwe, is in grut misferstân. Dat seit diëtiste en lifestylecoach Mathilda Wijma fan Ljouwert yn har nije boek 'Overgewicht is niet jouw schuld'.
'Ieder pondje gaat door het mondje', en 'Eigen schuld, dikke bult'. Sa wurdt der wol tsjin minsken mei in soad oergewicht oansjoen.
"Troch slanke minsken, mar ek noch wol troch medisy. En miskien ek noch wol troch de minsken dy't flink oergewicht ha sels", seit Wijma.

Genen bepale in soad

It is neffens har foaral de genetyske oanlis fan minsken dy't foar 40 oant 70 prosint it gewicht bepaalt.
"Der binne hûnderten genen dy't ynfloed ha op hoe't wy ite. Genen dy't ynfloed ha op smaakwaarnimming, it gefoel fan sêd wêzen, de termhormoanen, hoe effisjint oft iten ôfbrutsen of opslein wurdt. Der binne safolle fariabelen dy't meispylje."
Genen bepale de oanlis foar oergewicht
© Shutterstock
Datselde genepakket wie der tsientûzen jier lyn ek al en is net feroare, neffens de diëtiste. "Mar de omjouwing dêr't we yn libje wol!"

Iten yn oerfloed

Iten is oeral en nergens op alle tiidstippen te krijen, poarsjes en ferpakkingen wurde grutter en we hoege hieltyd minder te bewegen.
"As je dan dy genetyske oanlis ha om in soad oergewicht te krijen, is it super yngewikkeld om dat foar te kommen."
Net fan dieet nei dieet hoppe, mar fokusje op sûner libje. 
Mathilda Wijma sjocht gjin heil yn alderhande diëten folgje
Wijma fynt dat dêr in taak by de oerheid leit, om dêr in strategy foar út te setten. "Obesitas wurdt al lang sjoen as in oandwaning, in groanyske sykte."

Rekkensomke foar oergewicht

Om te bepalen oft immen slim oergewicht hat, hat de diëtiste in maklik rekkensomke. "Je nimme je lingte min 100 en dan telle je der 17 by op. Fan dat punt ôf begjint obesitas."
"Binne je bygelyks 1.80 meter, en dogge je der hûndert ôf, dat is tachtich, plus 17 is 97. Fan 97 kilo ôf is der by dy lingte sprake fan slim oergewicht."
Har boek 'Overgewicht is niet jouw schuld' is foaral bedoeld foar minsken dy't no al slim te swier binne en dy't se in sûnere libbensstyl oanjaan wol.
It boek Overgewicht is niet jouw schuld
© Omrop Fryslân
"Dus net fan dieet nei dieet hoppe, mar fokusje op sûner libje. Sadat je mei it oergewicht dat je ha, dochs it bêste foar je sûnens dogge. En miskyn der ek noch wol wat mei ôffalle."

Net goed sliepe jout problemen

Goed sliepe is bygelyks ien fan de saken dy't hiel wichtich binne, skriuwt se.
"We witte dat minsken mei obesitas, foaral oergewicht om de búk hinne, hiel faak lêst ha fan sliepapneu of oare sliepproblemen. Dat hat al ynfloed op ús sûnens, mar ek op ús gewicht."
"Je moatte eins earst begjinne mei neigean hoe't je sliep is. Want as dat net op oarder is, binne oare saken as mear bewege, sûner ite en mear ûntspanning ekstra dreech", beslút de diëtiste.
It boek 'Overgewicht is niet jouw schuld' is fan maart ôf te keap.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.