Generaasjes muzikanten byinoar by it jubileum fan Big Band Friesland
Ruben Buma is toetsenist by de Bogerman Bigband. Snein stiet er ek op it poadium mei Big Band Friesland.
Sy fiere dan in bysûnder jubileum: 50 jier swingende jazz yn it noarden fan Nederlân.
By dat konsert wurdt in eigen komposysje fan Buma útfierd.
"Ik haw it stik tegearre mei Hessel skreaun, hy spilet trompet", fertelt hy. "Wy diene mei oan in komposysjewedstriid en kamen oant de heale finale."
By dy wedstriid waard it stik spile troch it Nederlands Blazers Ensemble, mar Ruben fynt de ferzje fan de bigband better.
"Dat ensemble is dochs wat klassiker. In bigband jout der mear swing oan."
Nei de wedstriid waard er frege om it stik ek mei Big Band Friesland út te fieren.
"Sy diene it wol aardich", seit Ruben earst ûnderkuolle. Dan laket er: "Nee hear, it klonk geweldich."
By de lêste repetysje fan de Bogerman Bigband foar it jubileumkonsert op CSG Bogerman sjocht Ruben al út nei it konsert op 8 maart.
De relaasje tusken de Bogerman Bigband en Big Band Friesland bestiet al jierren.
Tal fan jonge muzikanten meitsje earst meters yn de skoalbigband en groeie letter troch nei it orkest.
Kweekfiver
Sa spylje bandlieder Sjoerd Hiemstra en bassist Bob Pruiksma yn beide bands. De Bogerman Bigband wurdt dêrom wol de kweekfiver fan Big Band Friesland neamd.
"Wy sjogge hjir in soad muzikanten trochgroeien nei in heech nivo", seit Pruiksma.
Bogerman-talint spilet mei by jubileum fan Big Band Friesland: "Hiel fet"
"By Big Band Friesland wurdt wolris sein dat Bogerman eins hôfleveransier fan muzikanten is."
Pruiksma ropt âld-leden op om snein te kommen. "We hawwe se allegearre lang noch net fine kinnen, want e-mail bestie 50 jier lyn noch net."
50 jier Big Band Friesland
De bigband waard yn 1975 oprjochte yn Koudum en hat sûnt dy tiid in stevich plak yn de Fryske muzyk- en kultuerscene.
It orkest bestiet út in kombinaasje fan betûfte amateurmuzikanten en profesjoneler spyljend talint, mei as doel bigband-jazz op in sa heech mooglik nivo te bringen.
De band spilet in ôfwisselend en ryk repertoire, fan klassike swingstikken oant modernere jazzorkestrale arranzjeminten dy't foar in part spesjaal skreaun of arranzjearre binne foar harren.
Big Band Friesland die mei oan projekten lykas it iepenloft-muzykspektakel Myn Skip yn Earnewâld, dat yn 2018 de Fryske Anjerpriis wûn.
Troch de jierren hat de band syn plak bewiisd yn de jazzwrâld, mei optredens lykas op it 058 Jazzfestival yn De Neushoorn yn Ljouwert en by konserten op ferskate oare Fryske lokaasjes.
Drummer Jacobien van der Zee spilet ek by de Bogerman Bigband. Se sjocht wol op tsjin de muzikanten fan Big Band Friesland.
"Dy binne hartstikke goed. Mar wy ek, fansels."
In plak yn it orkest sit der foar har noch net fuortendaliks yn. De hjoeddeiske drummer moat dan earst ophâlde, en dat is krekt har drumlearaar.
'Hiel fet'
Foar it jubileum wurkje beide orkesten gear. Ruben spilet dêr mei de Bogerman Bigband, mar mei ek meidwaan mei Big Band Friesland by syn eigen komposysje. "Dat is fansels wol hiel fet."
Tegearre slute de orkesten it konsert ôf mei in passend nûmer: Come Together fan The Beatles.
It konsert is op snein 8 maart op CSG Bogerman yn Snits en begjint om 14.00 oere.