Omrop Fryslân

“In feest fan ferskillen”: nijkommers en Fryske muzikanten mei-inoar op it poadium

Arabyske klanken by de fanfare
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mundo Sonora bringt wrâldmuzyk en Fryske tradysje byinoar yn De Lawei. Hoe klinkt it bygelyks as je Arabyske muzyk mei in fanfareorkest spylje?
"Het concert is eigenlijk een feest van verschillen." Mei dy wurden set Titia Bouwmeester, ien fan de oprjochters fan Orchestre Partout, de toan foar Mundo Sonora, snein yn De Lawei.
By it famyljekonsert komme muzikanten fan muzykferiening Looft den Heer út Boarnburgum en spilers út it azc Drachten byinoar yn in grut, kleurryk orkest. Wrâldmuzyk, nije arranzjeminten en in poadium fol enerzjy steane sintraal.
Perkusjonisten mei ferskillende achtergrûnen
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Orchestre Partout wurket mei nijkommers dy't harren eigen muzyk meinimme nei Nederlân.
"Wij zijn heel nieuwsgierig naar de muziek die nieuwkomers meenemen", fertelt Bouwmeester. Lieten út ûnder oare it Midden-Easten, faak ferbûn oan persoanlike oantinkens, krije hjir in nij jaske.
Titia Bouwmeester, ien fan de oprjochters fan Orchestre Partout
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dy nûmers wurde spesjaal bewurke foar it konsert en spile troch in folslein orkest. Dat freget fan alle muzikanten oanpassing: frij spyljen op gefoel oan de iene kant, strak fan papier en mei in dirigint oan de oare.
Mundo Sonora bringt wrâldmuzyk en Fryske tradysje byinoar yn De Lawei
De muzikanten hoopje dat minsken by it famyljekonsert mear fan Arabyske, Koerdyske, of Perzyske muzyk genietsje.
Amal is flechtling út Syrië. Se sjongt en spilet fioele. Har broer Amjad spilet op it snaarynstrumint de oed. "Wy komme út in muzikale famylje", seit se yn it Ingelsk.
It is de earste kear dat se mei in Nederlânsk orkest spylje. Se bringe easterske en westerske kultuer en muzyk byelkoar, seit se. "Ik hoopje dat de minsken wat leare oer Arabyske muzyk en dat se derfan genietsje."
Amal sjongt mei it orkest
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
By it konsert komme twa muzikale famyljes byinoar. Looft den Heer Boarnburgum makket al generaasjes lang muzyk yn it doarp, wylst de muzikanten fan Orchestre Partout noch mar koart yn Nederlân binne. Sûnt koart spylje se yn it azc Drachten.
Mei-inoar bringe se lytse, yntime lieten en oansteklike dûnsmuzyk, sizze se.

Orchestre Partout

Sûnt 2010 bringt Orchestre Partout muzyk en nijkommers yn Nederlân byinoar. Mei workshops en konserten, fan begjinner oant profesjoneel, krijt elkenien romte om syn of har muzikale talint te ûntploaien. Sa wurket Orchestre Partout oan in kleurrike mienskip dêr't alle stimmen heard wurde.
Muzyk ferbynt minsken, los fan taal of komôf. Mei dy gedachte begûn Orchestre Partout yn 2022, yn gearwurking mei De Lawei, in muzykplak yn it azc. Dêr wurde wykliks lieten út alle hoeken fan de wrâld songen en no gearbrocht yn in bysûnder konsert.
It resultaat is mear as in konsert allinnich. Twa jier lyn siet De Lawei ek al fol. "Voor de een is het nieuw om Arabische muziek te spelen, voor de ander om naar een dirigent te kijken", seit Bouwmeester. Mar as it byinoar komt, ûntstiet der wat oars.

Een feestje

It publyk heart nije klanken, werkenbere lieten yn in oare foarm en fielt foaral de mienskiplike leafde foar muzyk. "Dat voel je gewoon als je er zit", seit se. "Muziek brengt je in beweging. Het is altijd een feestje."
Op de euphonium
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mundo Sonora is snein it slotstik fan it Nasjonaal Teäterwykein, mei ferrassende foarstellingen. Twa jier lyn wie de earste edysje fan it famyljekonsert yn De Lawei. Dizze kear steane oare muzikanten op it poadium en is der folop nij repertoire te hearren.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.