100-jierrige brassband Pro Rege hat fizier al rjochte op Concertgebouw Amsterdam

De repetysje begjint mei ynblaze
De repetysje begjint mei ynblaze © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Mei in optreden yn it Concertgebouw fan Amsterdam set de Christelijke Brassband Pro Rege fan It Hearenfean yn maaie de kroan op it 100-jierrich jubileum. It is de beleaning foar in feriening dy't in soad ynvestearret yn jeugd en opleidings.
De 19-jierrige Jorrit ten Hoeve spilet al alve jier by Pro Rege en sit ek yn it bestjoer. It jubileum is tige wichtich foar him. "It hûnderdjierrich bestean is natuerlik altyd bysûnder, it wurdt in jier mei moaie aktiviteiten."
Pro Rege hat lykwols net altiten in brassband wêst. Stie de feriening de earste fyftich jier van har bestean noch as fanfare te boek, yn de jierren '70 waard it selskip omdoopt ta brassband. Yn de jierren dêrnei is Pro Rege útgroeid ta in fêste muzikale wearde op It Hearrenfean en dêrbûten.
Brassband bestiet 100 jier
Guon ferienings en korpsen ha it dreech om it ledetal fêst te hâlden. Dat Pro Rege de lêste jierren goed trochkaam is, hat wol wat fuotten yn de ierde hân, neffens Jorrit ten Hoeve. Se dogge in soad oan promoasje en gean aktyf op syk nei nije leden.
"Wy ynvestearje in hiel soad yn it oanlûken fan jeugd en ek yn de oplieding fan ús leden. En we geane by de skoallen del. We ha in moai jeugdorkest mei in goeie dirigint."
It A-orkest fan Pro Rege bestiet út 31 muzikanten
It A-orkest fan Pro Rege bestiet út 31 muzikanten © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Fan alle aktiviteiten dy't pland stean yn it jubileumjier, jildt it optreden yn it Concertgebouw as it hichtepunt. "Dat is natuerlik wol hiel bysûnder. Toporkesten spylje dêr en no ha wy as amateurorkest dit poadium foar ússels", seit Ten Hoeve.
It optreden yn Amsterdam wurdt dien yn gearwurking mei it Fries Jeugdorkest. "Om it konsert in ekstra Fryske tintsje te jaan", leit ten Hoeve út. "En sy bringe ek wer minsken mei, it is it moaiste at we foar in folle seal spylje kinne."
Om eltsenien nei Amsterdam te krijen wurde bussen ynset. De kaartferkeap rint as it slydjaget.
Jorrit ten Hoeve is 19 jier, is bestjoerslid en spilet cornet
Jorrit ten Hoeve is 19 jier, is bestjoerslid en spilet cornet © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Neist it optreden yn it Concertgebouw komt der in útfiering mei it B-orkest yn de Rinkelbom op it Hearrenfean. En Pro Rege is frege om mei te dwaan oan de Top 2000 liveshow.
It wurdt al mei in jier om nea te ferjitten, wit Ten Hoeve no al. Wat him oanbelanget kinne der noch wol fyftich jier oan fêst plakt wurde. "We ha in moaie band, we witte altyd goed te skoaren op konkoersen. En we ha in moaie jeugdband, we binne klear foar de takomst."