Omrop Fryslân

Hendrik en Bouwe leare Ryptsjerksters einekoerflechtsjen

Hendrik en Bouwe leare Ryptsjerksters einekoerflechtsjen
De Eineferiening de Doarpsein fan Ryptsjerk krijt in kursus einekoerflechtsjen fan Hendrik en Bouwe Kooistra yn Dokkum. De bruorren dogge dat om it âlde ambacht yn libben te hâlden en troch te jaan.
De feriening de Doarpsein is unyk, it is de iennichste yn Nederlân. Alle minsken dy't yn Ryptsjerk wenje binne ferplicht lid en de kontribúsje is 15 eurosint yn 't jier. Fan it opsparre jild wurde kursussen holden.
Hast alle sneonen yn de winter jouwe de Kooistra's kursussen. De bruorren binne der sels mei opgroeid en hawwe it fak leard fan harren broer. "It is in firus," sizze se. As je ien kear begjinne, lit it je net mear los.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.