Omrop Fryslân

Einekuorren, molkbussen en ierappelbakjes; is der takomst foar Frysk agrarysk erfgoed?

Alde trekkers op it Afron-jubileumfeest
© Omrop Fryslan
"Hat pake al in kontener besteld? Dan kin it dêr moai yn!" Dat sizze de pakesizzers fan Wopke Huitema as se sjogge wat hy allegearre oan âld lânbouark bewarre hat.
Mar foar Huitema is it fan belang om it te bewarjen. "Ik fyn it belangryk dat minsken no noch sjen kinne hoe't der eartiids wurke waard op it boerebedriuw."
Huitema is ien fan de leden fan de Afron, Agrarisch Friesland Oud en Nieuw. De feriening bestiet 40 jier en hâldt syn jubileumfeest yn iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema. Huitema en ferskate oare leden ha harren samlingen ark en masines meinaam om sjen te litten en te demonstrearjen hoe't it eartiids brûkt waard.
Alde skoalplaten toane it plattelânslibben yn eardere tiden
© Omrop Fryslan
It falt op it jubileumfeest op dat de leden meast mannen binne en ek net mear de jongsten. Mar mei de komst fan Lisette Neijts (56) fan Deinum yn it bestjoer, waait der alwer in jongere wyn troch de feriening.

Agrarisch Friesland Oud en Nieuw

Sûnt 1984 besiket de Afron it agraryske ferline fan Fryslân fêst te lizzen troch ark en guod te sammeljen, te registrearjen en te bewarjen. De leden binne partikuliere samlers, mar ek ferskate musea en erfgoedynstellings binne oansletten.
De Afron wol ek de ferhalen dy't hearre by de tradysjes en it gebrûk fan it guod optekenje yn de taal fan de minsken dy't der mei wurke ha.
"Myn freon Peter is al 30 jier lid, en dêrfoar syn heit" fertelt Neijts. "Doe't ik op in gearkomste ek ris wat dingen sei, siet ik foardat ik it wist yn it bestjoer."
"Ik fyn it prima hear, al dy manlju, ik fyn it hiel gesellich. Mar froulju binne fansels ek fan herte wolkom", laket se.
Lisette Neijts is de nije sekretaris fan de Afron
© Omrop Fryslan
"It is in hiele leuke klup, je meitsje maklik kontakten en de leden kinne prachtige ferhalen fertelle oer hoe't it eartiids gie." De nije sekretaris fynt it belangryk dat dizze ferhalen net ferlern gean. "Se moatte no trochjûn wurde oan de jongeren, sa't dy ek witte wêr't it ark weikomt en wêrom't se it sa diene. Want sûnder skiednis gjin takomst!"

Eerpelbakslatsjes

Kroaden, âlde trekkers, skoalplaten oer it boerelibben fan eartiids, koerflechtsjen... der is fan alles te sjen op de jubileumdei. Ald-boer Klaas Oosterbaan is der mei syn samling houten latsjes fan ierappelbakjes.
Klaas Oosterbaan sammelet Biltske ierappelbakplankjes
© Omrop Fryslan
Ierappelboeren hiene eartiids allegearre harren namme, en somtiden ek wenplak op de kistjes te stean. Oosterbaan sparret allinne dy fan Biltske boerenammen. "Deuze eerpelbakslatsjes skrieve 'n Biltse boeregeskiedenis."
Guon Biltkers ha de latsjes sels oan him jûn. "'Ik wil ok soa graag dat mynt bewaard blieft foor de toekomst', fertelle se dan, want 't houdt op, it binne nou kúbskisten."
HEA! wie op it jubileumfeest fan de Afron yn De Harkema:
HEA! Afron
Oosterbaan is al fan it begjin ôf oan lid fan de Afron, 40 jier dus. Hy wurdt dêrfoar even yn it sintsje set op de gearkomste. "Daar waar ik myself heulendal niet fan bewust. Dan wete je ok hoe oud as je binne", laket er.
In demonstraasje koerflechtsjen op de jubileumdei fan de Afron
© Omrop Fryslan
Ien fan de sprekkers op it jubileum is de eardere direkteur fan it Fries Landbouw Museum, Henk Dijkstra. Hy fynt dat de Afron in foarbyld wêze kin foar oare provinsjes.
Want Fryslân is de iennichste provinsje dy't sa'n sammelplak foar ark en ambachten hat lykas de Afron. Yn gearwurking mei de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed wol Dijkstra besykje in soartgelikens netwurk oer hiel Nederlân út te rôljen. In moaie erkenning foar de feriening.

Net folle jongeren

Foarearst stappe der noch net folle jongeren om tusken it âld ark op De Harkema.
Bûten steane twa jonges by in opstelling fan eardere melkmasinemotorkes. It binne Pieter en Riemer Huitema. "Wy moasten even mei fan pake", ferûntskuldigje se harren suver.
Wopke Huitema lit in melkmasinemotor sjen
© Omrop Fryslan
"Soks kinst hjoed-de-dei net mear krije. Se binne sa'n 50, 60 jier âld, mar se dogge it noch. Om dat dan sels te restaurearjen en wer foarelkoar te krijen, dat jout in kick", seit pake Wopke Huitema. "Ik ha de pakesizzers chartere om hjir mei hinne te gean, miskien krije se der dan ek aardichheid oan."
"It hat op himsels wol wat, mar it is net dat ik der de hiele nacht fan lis te dreamen", seit Pieter. "Myn dream stiet dêr", wylst hy wiist nei in Scania-frachtwein dy't fierderop parkearre stiet. "Sa'n grutte frachtauto, dat fyn ik folle moaier!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.