Omrop Fryslân

Stipe fan Steaten foar olympysk reedriden yn Thialf: "Wat ze in Milaan doen, kunnen wij beter"

Komme de Olympyske Spelen yn 2030 nei Thialf?
© Orange Pictures
Provinsjale Steaten fan Fryslân stypje it plan om yn 2030 it olympysk reedrydtoernoai nei iisstadion Thialf op It Hearrenfean te heljen. "Wat ze in Milaan doen, kunnen wij beter", fynt PvdA-Steatelid en âld-hurdfytser Daan Olivier.
In grutte mearderheid fan it Fryske parlemint is ek ree om finansjeel by te dragen oan de fiif olympyske ringen op it dak fan Thialf.
"Olympisch Thialf is een iconisch project", seit VVD-Steatelid Martijn Brands. De liberaal ferwiist dêrmei nei útspraken fan deputearre fan finânsjes Eke Folkerts. Dy sei de ôfrûne maitiid dat it kolleezje fan Deputearre Steaten op syk sil nei 'ikoanyske projekten, dy't Fryslân fierder helpe'.
Ien fan dy projekten is no blykber fûn.
"Alle successen die we nu in Milaan hebben; dat komt door Thialf", seit Olivier. De sosjaaldemokraat is wol fan betinken dat njonken provinsje en gemeente ek it Ryk heart by te dragen oan topsportlokaasje Thialf.
Je kinne Fryslân sa allemachtich moai op de kaart sette.
FNP-Steatelid Gerben van der Mei
"Je kinne Fryslân sa allemachtich moai op de kaart sette", seit Steatelid Gerben van der Mei fan de FNP oer de olympyske plannen. FNP, CDA en BBB kamen mei de moasje om de lobby foar it olympyske langebaanriden op It Hearrenfean te stypjen.
De trije koälysjepartijen tinke dat it goed foar de ekonomy is om it evenement nei Fryslân te heljen. Yn it gefal dat der in fraach komt foar in finansjele bydrage, moat de provinsje dêr 'konstruktyf' oan meiwurkje, sa stiet yn dy moasje.
Wat in de motie staat komt neer op een blanco cheque.
Steatelid Elsa van der Hoek (GrienLinks)
Dy finansjele tasizzing al foardat om in bydrage frege is, giet Steatelid Elsa van der Hoek fan GrienLinks te fier. "Wat in de motie staat, komt neer op een blanco cheque. Daar hebben we moeite mee."
Sy heakket deroan ta dat se wol foar in olympysk toernoai op It Hearrenfean is. "Het zou natuurlijk prachtig zijn. We zijn trots op onze ijsbaan, maar geld vind ik ook belangrijk."

Foar de simmer in beslút

De Olympyske Winterspelen fan 2030 binne yn de Frânske Alpen. Omdat dêr gjin goeie iisbaan is, binne It Hearrenfean en Turijn yn Italië yn byld foar it langebaantoernoai. Der wurdt ferwachte dat de Frânsen foar de simmer fan dit jier in beslút nimme.
De moasje yn Provinsjale Steaten waard stipe troch 31 fan de 39 oanwêzige Steateleden. De tsjinstimmers lieten wite dat se foar in olympysk toernoai op It Hearrenfean binne, mar noch gjin finansjele tasizzing dwaan wolle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.