Omrop Fryslân

Tentoanstelling oer Alvestêdetocht moat leafde foar reedriden oanjeie by Italianen

Snitser Marco Lubbers by de tentoanstelling yn Milaan
© Omrop Fryslân
It liket wat nuver: de Alvestêdetocht yn de belangstelling by de Olympyske Spelen yn Milaan. Dochs besiket Marco Lubbers út Snits dat mei in tentoanstelling.
"Als je hier naar binnenloopt, komt de schaatscultuur op je af", fertelt Lubbers, as hy dwaande is mei de lêste tariedingen foar de iepening fan de tentoanstelling.
Under de Italiaanske sinne knopet de 38-jierrige Snitser noch efkes fluch twa linten oan de doar by in iuwenâlde filla oan de râne fan Milaan.
De lokaasje is Villa Burba, in bouwurk út de santjinde iuw op in healoere riden fan it sintrum. Giele stiennen, in kletterjende fontein en in langwerpige tún, alles oan de filla azemet de klassike Italiaanske sfear.
Dizze wiken wurdt de Italiaanske sfear fermongen mei de Nederlânske kultuer. As Lubbers de doar iepen docht nei de hal, komt fuortendaliks in boerd mei de tekst L'Elfstedentocht tefoarskyn.
"L'Elfstedentocht" is no ek bekend yn Milaan
© Omrop Fryslân
"We wilden hier in Italië graag over de geschiedenis van het schaatsen vertellen", seit Lubbers. "Wat is nou een mooier podium dan tijdens de Olympische Spelen?"

Nederlânske rol wichtich

Lubbers is hikke en tein yn Snits en ferhuze foar syn stúdzje nei de Rânestêd. Al syn libben lang is hy dwaande mei it reedriden (hy wûn it FK Supersprint 2013 yn Grou) en dus kaam it konsulaat by him út om in tentoanstelling gear te stallen.
Ferskate oerheden wolle graach de wichtige rol fan Nederlân yn de reedrydskiednis sjen litte oan it Italiaanske publyk. Dat hat te krijen mei it feit dat Thialf yn de race is om it langebaanriden op de Spelen fan 2030 binnen te heljen.
Op de iepening komme sadwaande ek politisy en meiwurkers fan sportkoepel NOC*NSF ôf. Abel Kooistra (deputearre) en Avine Fokkens (boargemaster fan It Hearrenfean) rinne rûn en sjogge nei de foto's.
In fitrine op de tentoanstelling
© Omrop Fryslân
It moaiste objekt fan de tentoanstelling is neffens Lubbers de stimpelkaart fan W.A. van Buren. Dat is de ferneamde skûlnamme fan kening Willem-Alexander doe't hy de Alvestêdetocht ried yn 1986.
"Hij kreeg alle stempels en dat kun je hier mooi zien. Het kruisje wat je er bij ziet liggen, is niet van hem, want die houdt hij altijd zelf."
Dochs is der yn de twa hallen tellende romte mear te sjen as de stimpelkaart. Foto's fan Sven Kramer, it reedrydpak fan Ans Schut en earste klapredens.
De Italiaanske Carabinieri krijt útlis oer L'Elfstedentocht
© Omrop Fryslân
"We hopen dat iedereen zin krijgt om het ijs op te gaan", seit Lubbers wylst hy yn petear rekket mei twa Italiaanske Carabinieri.
De plysjes soargje foar de befeiliging fan it gehiel en sjogge nijsgjirrich de fitrinekasten yn. Ien fan de aginten makket de opmerking dat it reedriden yn Italië ek grut is.
Hy praat in skoft troch oer it goud fan Francesca Lollobrigida, dêr't de kranten al dagen mei fol stean. Lubbers heart it oan en knikt mei in gniis op de holle.
"Het gaat er uiteindelijk om dat we door middel van sport al deze landen bij elkaar kunnen brengen. Dat is toch het mooiste wat er is."
De tentoanstelling Storia e Gloria del Pattinaggio di Velocità is oant 22 febrewaris te sjen yn Villa Burba.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.