Gouden Femke Kok dreamde fan winst: "Ik woe it gewoan sa graach"
Femke Kok fan Nij Beets hat snein skiednis skreaun troch op de Olympyske Spelen yn Milaan it goud te pakken op de 500 meter. "Sa hie ik it dreamd en dan slagget it ek noch."
De 25-jierrige Kok makke har rol as topfavoryt yn it Milano Speed Skating Stadium hielendal wier. Mei in olympysk rekôr fan 36,49 wie se rapper as Jutta Leerdam en Miho Takagi.
Kok waard sa de earste Nederlânske frou ea mei olympysk goud op de koartste ôfstân.
Willem en Wander komme Femke Kok tsjin yn Milaan.
Foar Kok wie it in momint dêr't se jierrenlang op ta libbe hat. "Sa hie ik it dreamd en dan slagget it ek noch. Ik bin echt megabliid," seit Kok nei ôfrin foar de mikrofoan fan de NOS.
Enoarme druk
De druk op Kok wie gigantysk; alle eagen wiene op har rjochte.
"Elkenien ferwachtet datst it dochst, dêrtroch wie ik enoarm gespannen. Ik woe it gewoan sa graach. By de start stie ik echt te shaken, it iennichste wat ik tocht wie: ik moat sa gau mooglik nei de streep."
Under de race fielde Kok dat it goed gie. "Ik skrok hast hoe fluch ik ûnder Erin Jackson trochkaam, doe tocht ik: dit moat hjoed slagje," fertelt se.
"Ik hearde hielendal neat yn de race. Ik hearde allinnich mar it publyk razen. Dat jout safolle pikefel. Al dy minsken dy't ús oanmoedigje, dat is bizar."
Ik hearde allinnich mar it publyk razen. Dat jout safolle pikefel.
"Do wurkest der sa megahurd foar en do wolst it sa graach en no is it slagge. Ek yn dizze tiid, dat is sick," seit se, noch altyd ûnder de yndruk fan har eigen prestaasje.
Kok wie mar leafst 0.66 rapper dan de nûmer twa, Jutta Leerdam. Der is mar trije kear rapper in 500 meter riden as hjoed yn Milaan.
Nei har sulveren medalje op de 1000 meter, earder dizze wike, wie Kok klear foar mear. "Nei de 1.000 meter hie ik it gefoel fan: ik wol wol wer. En dan is fiif dagen wachtsjen best lang," laket se.
"De hiele ploech sit yn in positive flow. Jenning de Boo hat it juster ek geweldich dien (sulver op de 500 meter, red.) Dat helpt ek wol mei."