Liveblog | 15 febrewaris

Histoarysk goud foar Femke Kok op olympyske 500 meter

Folgje yn dit livebloch it lêste nijs oer de Olympyske Spelen yn Milaan.

  • Femke Kok pakt histoarysk goud op de 500 meter;
  • Nederlân hat him, sûnder Jorrit Bergsma, op de ploege-efterfolging by de manlju pleatst foar de heale finale;
  • Sjoch hjir op ús temapagina foar alles oer de Olympyske Spelen
Lêst bywurke: 15 febrewaris, 22:36
22:36

Olympysk kampioen Femke Kok foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân

Willem en Wander treffe Femke Kok op de jûn fan har gouden race.
Oan de ein fan dizze snein ha we noch in ynterfjoe fanút Milaan.
Willem en Wander kamen dêr Olympysk kampioen Femke Kok noch tsjin.
19:59

Lokwinsken fan it Keningshûs

Kening Willem-Alexander en keninginne Maxima ha Femke Kok lokwinske mei har "geweldige prestatie".
"Femke Kok schrijft geschiedenis op de Olympische Spelen in Milaan!", skriuwt it pear op Instagram.
"Er waren hoge verwachtingen en zij maakte deze waar. Vanaf de start domineerde Femke Kok de race en met een absolute toptijd pakt zij goud", sa falt te lêzen.
19:12

Sa seach Nij Beets nei de 500 meter

Sa belibbe Nij Beets de gouden face fan harren Femke
Yn Nij Beets, it wenplak fan Femke Kok, is it grut feest.
Tsientallen minsken kamen fannemiddei nei doarpshûs It Trefpunt om dêr de gouden race fan harren Femke te sjen.
18:11

Femke Kok is "megabliid"

Femke Kok fiert it goud
© ANP
"Sa hie it it dreamd en dan slagget it ek noch. Ik bin echt megabliid."
Yn in earste reaksje by de NOS is Femke Kok út 'e skroeven. Se seit dat se fol spanning siet.
"Elkenien ferwachtet datst it wol even dwaan silst. Ik woe it sa graach. Dat it dan slagget is echt hiel moai."
18:06

Feest yn Nij Beets

Yn it doarpshûs yn Nij Beets is it feest
© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Yn Nij Beets, dêr't tsientallen minsken de wedstriid yn it doarpshûs folge ha, is it yntusken grut feest!
17:47

Histoarysk goud foar Femke Kok

Femke Kok is bliid mei har gouden medalje
© ANP
Kok is de earste Nederlânske frou yn de skiednis dy't olympysk goud wûn hat op de koartste sprintôfstân.
It is ek de earste olympyske gouden medalje yn de karriêre fan Kok, fan wa't eltsenien ferwachte dat sy de 500 meter winne soe. De regearjend wrâldkampioen wie al twa jier ûnferslein, 23 kear op rige wie sy de bêste op in 500 meter. En by de alderbelangrykste race fan allegear slagge it no ek.
Jutta Leerdam ried nei har olympyske titel op de 1.000 meter yn 37,15 nei de twadde tiid. Anna Boersma kaam yn 38,01 ta it fyftjinde plak.
De medalje fan Kok is har twadde fan dizze Winterspelen, nei har sulver op de 1.000 meter.