It matsje fan Jorrit Bergsma moade yn Italië? Us manlju yn Milaan sykje it út
It matsje fan Jorrit Bergsma is ien fan de trends wurden op de Olympyske Spelen yn Milaan. Der is in hierbân fan makke dy't oeral werom te finen is yn de stêd. Mar slacht it ek oan by de Italianen?
Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn helle op de 10 kilometer in histoaryske brûnzen medalje. De 40-jierrige waard dêrmei de âldste langebaanrider dy't in medalje wûn.
Yn oanrin nei syn stunt ûntstie der in wiere hype om it hier fan Bergsma. It matsje is neimakke en as hierbân op 'e merk kaam.
It hiele wykein wiene de stunt fan Bergsma en it grutte tal supporters yn Milaan it praat fan de dei yn Nederlân.