Omrop Fryslân

Bauke en Jesse sammelje seldsume pins fan oer de hiele wrâld yn Milaan

Jesse Postma en Bauke Okkema
© Omrop Fryslân
It is in trend dy't al desennia ferbûn is oan de Olympyske Spelen: it sammeljen fan pins. Bauke en Jesse binne op syk nei de seldsumste eksimplaren fan oer de hiele wrâld.
"In pin ruilje is in soarte fan twadde sport op de Olympyske Spelen", fertelt Bauke Okkema fan Hilaard fol pasje, wylst er mei Jesse Postma (Jorwert) troch Milaan rint.
Beide manlju ha in keycord om de nekke dy't fol pins hinget. Op it plein fan de Duomo sjogge sy driftich om har hinne. "It ferbynt minsken fan oer de hiele wrâld."
Bauke en Jesse sammelje yn in heal oerke in hantsjefol nije pins
© Omrop Fryslân
Bauke (21) sjocht even nei links en stapt op in frou ôf dy't tsientallen badges op har jas sitten hat. It binne de pins, dy't in alle foarmen en maten besteane, allegearre mei in eigen ûntwerp.
Je kinne it sa gek net betinke of der is wol in pin fan yn omrin. Tink oan de olympyske ringen, it wrâldferneamde fuotbalstadion San Siro of in Amerikaanske flagge mei de tekst 'Team USA' derboppe; oeral is wol wat fan te finen.
Bauke sjocht by de frou op de jas en freget oft sy it logo fan Kanada ruilje wol foar Nederlân. De frou giet akkoart en docht de pin mei de flagge fan har thúslân fan de jas en nimt de Nederlânske trijekleur yn ûntfangst.
"Sa wurdt de kolleksje fan de wrâld hieltyd grutter foar my", seit Bauke. "Dat is dochs geweldich, soks."
Bauke en Jesse rinne troch Milaan op syk nei nije pins
© Omrop Fryslân
"It ruiljen fan de pins is in hiele belibbing", seit Jesse (23). Hy hat al hûnderten badges byinoar garre. "Je stelle jesels in doel: je betinke hokker oft je graach hawwe wolle en dy besykje je dan te krijen. Dat is in aventoer."
In ynterview mei de freonen yn it sintrum fan Milaan is in hiele útdaging. Want foar't je in twadde fraach stelle kinne, is ien fan beiden alwer fuort.
Jesse (út Jorwert) en Bauke (út Hilaard) foar de Duomo yn Milaan
© Omrop Fryslân
Dizze kear stiet Jesse ynienen yn de hoeke fan it plein by Younnis, dy't de jas fol te hingjen hat mei pins. De hannen fan de Gryk gean yn de rjochting fan syn jas en hy klikt der in pin ôf.
Jesse krijt in badge mei it logo fan it Korea House, dêr't alle Súd-Koreaanske sporters huldige wurde. It is de Súd-Koreaanske fariant fan it TeamNL-hûs.
Younnis (51) lit grutsk syn jas fol tsientallen pins sjen. Op de grûn leit in boek mei dêryn noch in hûnderttal eksimplaren.
Jesse sjocht by Younnis hokker pins oft hy ruilje wol
© Omrop Fryslân
"Ik bin hjir desennia lyn mei begûn en ha de tradysje nea wer loslitten", fertelt Younnis, wylst hy ferskate toeristen oan in pin helpt. "Alle Spelen flean ik hiele wrâld oer om de pins te sammeljen. Dat makket dizze tradysje moai."
Foar Bauke en Jesse begûn de leafde foar de pin op de Simmerspelen fan 2024 yn Parys.
"Dêr kamen wy in oanrekking mei de tradysje. Mar dit kear ha wy it profesjoneler oanpakt", seit Bauke. "Wy ha no sels pins makke mei ús eigen holle en ruilje dy hjir folop yn Milaan."
De selsmakke 'Bauke en Jesse'-pin
© Omrop Fryslân
Bauke en Jesse kenne yntusken hast alle farianten dy't der binne. Fia spesjale websites hâlde sy yn de gaten watfoar nije farianten der foar de Spelen yn omrin komme.
"Mar alle kearen wurde je wer ferrast as je wat sjogge", fertelt Jesse. "Dat makket it ek sa moai."
Beide manlju hawwe twa wiken útlutsen om safolle mooglik pins te finen. In reis fia Como, Cortina en Milaan makket harren Spelen kompleet.
"Wy hawwe gjin doelen kwa oantallen steld", seit Bauke wylst hy syn tas op de rêch slacht en it plein fan de Duomo ôf rint.
"Wy wolle gewoan in geweldige tiid ha en dat slagget behoarlik. Dêr giet it dochs om yn it libben?"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.