Omrop Fryslân

Utstalling op It Hearrenfean lit sjen dat Domela syn idealen noch altyd libje

Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919)
© Rijksmuseum
Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919) wie in man dy't syn tiid fier foarút wie. Dominee, sosjalistysk foarman, anargist en dwerstinker en dêrom sawol ôfkreake as fereare.
Yn de tentoanstelling 'Domela: Verguisd en Vereerd' yn Museum Heerenveen steane syn libben en neilittenskip sintraal.
Domela wie in man dy't troch de steat bestriden waard, mar stie by tûzenen arbeiders bekend as Us Ferlosser.
In bysûnder hichtepunt is in unyk boek út 1904, fertelt kurator Femke Knoop by de tariedingen fan de eksposysje.
"Dêryn sitte bydragen fan ûnder oaren Käthe Kollwitz, Jan Toorop en Kees van Dongen. In ferhaal oer striid, idealen en frijheid: tema's dy't hjoed-de-dei noch altyd aktueel binne."
It betinkingsboek fan 1904
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard berne yn 1846 en groeide út ta in man dy't syn tiid fier foarút wie.
Hy begûn syn libben as dûmny, mar kearde him stadichoan ôf fan tsjerke en gesach.
Wat bleau, wie syn djippe gefoel foar rjochtfeardichheid en syn oertsjûging dat minsken gelyk wêze moatte.
As foarman fan de arbeidersbeweging reizge Domela troch it hiele lân. Hy spruts mei fjoer, skreau mei skerpte en naam it op foar wa't gjin stim hie.
De machthawwers seagen him as in bedriging.

Yn de finzenis

"Ja, dat kloppet", wit Knoop. "Domela daagde it gesach út mei syn skrift 'Koning Gorilla' en waard dêrfoar feroardiele. Hy kaam yn 'e finzenis telâne en moast dêr sekjes plakke."
Syn finzenisstraf makke him ûnder sosjalisten allinnich mar populêrder, mar it smiet him ek fûle tsjinstân op. Benammen by keningslju wie er tige ûnpopulêr.
Femke Knoop by ien fan de spotprinten
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Binnen de sosjalistyske beweging lei er ek net altyd goed. Uteinlik krige Domela spul mei Pieter Jelles Troelstra en skode er hieltyd fierder op yn 'e rjochting fan it anargisme.
Dy striid waard soms persoanlik, wat te sjen is yn spotprinten fan bygelyks Albert Hahn.

Twadde Keamer

Domela wie de earste sosjalist yn de Twadde Keamer en stried foar mear kiesrjocht, tsjin oarloch en tsjin ûngelikensens.
Letter keas er iepentlik foar it anargisme. Ek wie er mei-oprjochter fan de Internationale Antimilitaristische Vereniging.
Segel op it betinkingsboek
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Hjir sjogge wy de urn fan Domela Nieuwenhuis", toant Knoop. "Dat is bysûnder, want hy wie ien fan de earsten yn Nederlân dy't kremearre waard. Dat barde op begraafplak Westerveld yn Driehuis."
De kremaasje yn 1919 luts in grutte mannichte minsken. Sa'n 12.000 minsken kamen yn Amsterdam byinoar foar in ymposante roustoet.
Foar in politikus wie dat tige útsûnderlik yn dy tiid.
Ek de urn mei de jiske fan Domela is yn it besit fan it museum
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"It giet derom dat minsken sjogge dat Domela syn idealen noch altyd libje en dat er noch altyd ynspirearret", seit Knoop oer de nije útstalling.
"Net allinnich yn syn eigen tiid waard er fereare, mar ek nei syn dea bleau syn ynfloed grut. Syn ideeën oer antimilitarisme, oer it kapitalisme en oer gelikensens tusken minsken binne noch altyd aktueel."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.