Teätermakker Geert Lageveen hopet stikem op in revolúsje by Nij Beets
"It is my ien grut riedsel wêrom't dit allegearre yn Drachten gebeurd is, of all places. It plak dêr't ik wei kom." Skriuwer en regisseur fan teäterselskip Orkater, Geert Lageveen, komt mei in stik oer de bruorren Rinsema en it dadaïsme.
It is de keunststreaming dêr't Drachten oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch wrâldferneamd mei wurden is. It stik hjit 'De revolutie van de Rinsema's'. De skuonmakkers en keunstners Evert en Thijs Rinsema steane sintraal.
Lageveen is bot fassinearre rekke troch it ferhaal fan de bruorren. "Evert moast yn militêre tsjinst en hjir moete er Theo van Doesburg. Dat is in hiele goede freonskip wurden. Van Doesburg kaam nei Drachten ta en yntrodusearre de moderne keunst by de beide skuonmakkers."
"Van Doesburg soarge der ek foar dat de Torenstrjitte yn de hiele moaie elemintêre kleuren skildere waard: blau, giel en read. Dat hjit no de Papagaaienbuurt."
It stik dat Lageveen deroer skreaun hat, giet lykwols net allinnich oer keunst. Miskien wol mear oer de hang nei revolúsje. "Sa wie Domela Nieuwenhuis hiel populêr yn Nij Beets, alle minsken hjir hiene in foto fan him yn 'e hûs."
"Tusken 1914 en 1920 hearske der in grut revolúsjonêr elan. De Russyske revolúsje fûn plak en dat hie ek sa yn Fryslân plakfine kinnen. Men fielde dat de âlde tiid net mear wurke, sa nei de Earste Wrâldoarloch. Alle systemen en yllúzjes fan hoe't de minske wêze kin, wiene kompleet fuort. Mar der wie noch gjin nij systeem."
We witte noch net sa goed hoe't it oars moat, mar dêr moatte we wol oer neitinke.
Yn dy tiid wie der in kombinaasje fan keunstners en politisy dy't echt in oare wrâld woene, fertelt Lageveen. "Dat siet ek hiel bot yn de bruorren Rinsema, dy't op syk wienen nei 'de nije minsk'. Evert docht dat troch syn skriuwen en Thijs troch syn skilderjen."
It is nei mear as hûndert jier noch hieltyd aktueel, fynt Lageveen. "Soms tink ik dat wy no ek yn sa'n tiid libje. We witte noch net sa goed hoe't it oars moat, mar dêr moatte we wol oer neitinke. Ik hoopje antwurden te finen yn dizze striidbere, mar ek beskieden en sachtmoedige skuonmakkers."
It muzykteäterstik giet ek oer de minsken om de Rinsema's hinne, sa as Theo van Doesburg. "Hy sei: at jimme oare minsken wêze wolle, dan moatte jimme begjinne jimme huzen oars te skilderjen. Yn sterke elemintêre kleuren, om sa werom te gean nei de basis."
Lageveen fynt it hiel bysûnder dat dizze brede blik op de wrâld sa yn Drachten en omjouwing ûntstean koe. "Just op dizze earme grûn. Ik hoopje mei dit ferhaal it publyk te ynspirearjen, mar se ek yn it moed te reitsjen."
Foarstelling by in sânôfgraving
'De Revolutie van de Rinsema's' is it lêste diel fan it trijelûk oan foarstellings dat yn it kulturele haadstêdjier úteinset is. De earste wie 'Lost in the Greenhouse', dat yn 2018 spile waard yn de kassen fan Seisbierrum. De twadde wie 'Het verdriet van de Zuiderzee' dat yn 2022 te sjen wie oan de Iselmarkust.
It stik oer de bruorren Rinsema sil fan juny ôf spile wurde by in sânôfgraving tusken Nij Beets en Beetstersweach.
Dadaïsme
It dadaïsme is in keunststreaming dy't ûntstie as reaksje op de ferskrikkings fan de Earste Wrâldoarloch. De keunst bestie út eksperimintele mingfoarmen fan byldzjende keunst, poëzy, teäter en grafyske foarmjouwing.
Bekende Nederlânske nammen dy't ûnder de streaming falle binne Piet Mondriaan, Bart van der Leck en Gerrit Rietveld. It is ek in aktivistyske streaming dy't har ferset tsjin de hearskjende wearden en noarmen.