Omrop Fryslân

Dassen op it spoar: in probleem út it ferline?

Jonge dassen by Molkwar
© ProRail
Neffens ProRail ha se it eardere 'dasseprobleem' yn 'e macht. De spoarbehearder ferwachtet yn de takomst hast gjin akute, grutte werstelwurksumheden en langduorjende fersteuringen troch dassen.
De organisaasje krijt hieltyd mear sicht op wêr't dassen wenje en hoe't se harren om it spoar hinne gedrage. Neffens ProRail komt dit troch de bettere en frekwinte útfieringen fan kontrôles, ûnderfining mei eardere maatregels en it gebrûk fan nije techniken.
"Ook begrijpen we steeds beter wat het graven van dassen betekent voor de veiligheid van het spoor", stelt de spoarbehearder yn in ferklearring.
Wurk oan it spoar
© CAMJO Media
Yn de ôfrûne jierren rekke it treinferkear meardere kearen fersteurd trochdat dassen ûnder it spoar boargen groeven hiene. Dit kin liede ta in ynstabyl spoar en fersakkingen.

Wikenlang fertraging yn 2023

Yn 2023 soarge in dassefamylje foar gefaar op it spoar en wikenlang fertraging foar treinreizgers. De dassen hiene in boarch fan tsientallen tunnels groeven ûnder it spoar by Molkwar.
Troch in gefaar foar fersakking moast in diel fan it spoar tusken Warkum en Starum wikenlang ticht. 150 meter oan rails moast fuorthelle wurde.
Dassen binne in beskerme bistesoarte en mochten dus net samar fuorthelle wurde. De dassen mochten tydlik útfanhûzje yn in keunstboarch by Molkwar.
Dassen binne in beskerme bistesoarte
© Omrop Fryslân/Remco de Vries
Nei de wurksumheden yn 2023 waarden der stekken en gaas pleatst om te soargjen dat de dassen net weromkamen nei it spoar. Fierder waard it talúd minder oantreklik makke foar de dassen.

Nije oanpak

Yn de nije oanpak seit ProRail better gear te wurkjen mei partners, lykas ekologen en de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO). Der wurdt ek gebrûk makke fan in saneamde 'robotmol' dy't gongestelsels ynspektearret.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.