Omrop Fryslân

Bulten stront, graafspoaren en sânbulten: ProRail fynt hûnderten spoaren fan dassen by it spoar

In das
© Shutterstock
Hy is swart mei wyt, hat in puntige noas en hy wennet yn in boarch: de das. Mar dy boarch, dy sit faker as earder tocht waard tichtby it spoar. En dat kin mooglik foar fersakkingen soargje.
Spoarweibehearder ProRail fûn de ôfrinne twa jier op sa'n 500 plakken yn Nederlân spoaren fan dassen. Ek yn Fryslân.

Fersakkingen

De hûnderten hopen dassenstront, graafspoaren en sânhopen dy't ProRail oantroffen hat litte sjen dat der yn de buert fan de treintrajekten dassen wenje. ProRail tinkt dan ek dat is oantal boargen yn de omjouwing fan it spoar flink tanommen is.
Dat is potinsjeel min nijs foar de treinreizger, want at dassen tichtby yn it spoar en de talúd grave om in boarch te bouwe, dan kin dat foar fersakkingen soargje. En dassen oft in dassenboarch samar fuorthelje kin net, want it bist is beskerme.

Wikenlang fertraging

Twa jier lyn, yn 2023, waard dat pynlik dúdlik by Molkwar. In dassenfamylje hie dêr in boarch fan tsientallen tunnels grave. Troch it gefaar foar fersakking waard in part fan it spoar tusken Warkum en Starum wikenlang ôfsletten. Reizgers moasten rekken hâlde mei mear as in oere fertraging.
De nijbouboarch foar de dassen by Molkwar
© Omrop Fryslân
Om de skea te werstellen moast der 150 meter oan rails fuorthelle wurde. De dassen waarden fuortlokke nei in keunstboarch, dat is in hoopke sân mei buizen deryn.
Mei troch de boarch by Molkwar monitoaret ProRail op fersyk fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer sûnt dy tiid de dassen om it spoar hinne. Yn Fryslân binne der sûnt noch gjin nije boargen fûn dy't mooglik foar fersakking soargje kinne.
Dassen houden zich natuurlijk niet aan ons idee over waar ze zich moeten huisvesten.
Aldert Baas, ProRail
Situaasjes lykas yn Molkwar komme net in soad foar, fertelt Aldert baas fan ProRail. "Ze gaan lang niet altijd in de spooromgeving graven, vaak zien we alleen maar sporen."
Dochs nimt de spoarbehearder it sekere foar it ûnsekere. Op fyftich plakken dogge se fierder ûndersyk om te bepalen oft der feilichheids- of werstelmaatregels troffen wurde moatte. "Dassen houden zich natuurlijk niet aan ons idee over waar ze zich moeten huisvesten, dus het kan zomaar zijn dat ze alsnog naar het spoor komen."

Net ûnder it spoar

Troch de boarch fan de Fryske dassenfamylje út te graven waard dúdlik dat dassen net hielendal ûnder it spoar trochgrave, fertelt ekolooch Bert Hesse fan natuerorganisaasje Das & Boom. "De grond is daar zo dicht door de treinen die eroverheen denderen, dat de dassen er niet onder gaan zitten."
Dat makket it feilichheidsrisiko in stikje minder, mar hellet it niet hielendal fuort. "De talud naast het spoor heeft wel ook functie, dus het is wel daadwerkelijk belangrijk dat die graafactiviteit wordt aangepakt."
In warskôgingsboerd by it stasjon fan Koudum/Molkwar
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It is net sa gek dat dassen de omjouwing om it spoar hinne opsykje, seit Hesse. "Het is een plek waar geen mensen komen, doordat er rasters staan. Niet gestoord worden vinden dassen wel prettig."
Je soene tinke dat in bolderjende trein ek foar aardich wat fersteuring soarget, mar dat falt neffens him wol wat ta: "Aan die herrie wennen ze wel."
Als je hem alleen maar wegjaagt dan gaat hij gewoon ergens anders zitten en blijf je aan de gang.
Bert Hesse, ekoloog
Om derfoar te soargjen dat de dassen by it spoar fuortbliuwe, nimt ProRail maatregels lykas it fuortheljen fan boskjes, sadat de omjouwing foar in das minder oantreklik is.
Ek soene der, krekt as by Molkwar, keunstboargen makke wurde: "Als je zo'n kunstburcht dan met een raster van het spoor scheidt, dan blijft de dassenpopulatie in rust", seit Hesse. "Als je hem alleen maar wegjaagt dan gaat hij gewoon ergens anders zitten en blijf je aan de gang."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.