Wêrom't we oant sa let yn de kroech stean
"Wêrom geane we eins sa let op stap?" Dy fraach stiet sintraal yn in nije fideo fan Omrop Fryslân Foarút. Utgean is fan alle tiden, mar de wize wêrop, dy feroare flink.
Yn de jierren 50 en 60 giene jongelju ek wol op stap. Allinnich wachten se doe net oant middernacht.
Utgean begûn doe folle earder en dûnssealen rûnen al betiid op de jûn fol. Dat hie te krijen mei it deistich ritme, wêryn't wurk betiid begûn en it útgean dus ek op tiid einigje moast.
Fan de tachtiger jierren ôf feroare dat byld. Nachtklups waarden populêrder en hoarekasaken ferrommen de iepeningstiden.
It begjin fan it útgean skode dêrmei hieltyd fierder op nei letter op de jûn.
Om it jier 2000 hinne kaam der noch in ekstra faktor by: yndrinke.
Drankjes yn de kroech wiene djoer, dus waard der earst thús mei freonen dronken. Dêrtroch rûnen kafees en diskoteken pas letter op de jûn fol.
Yn Fryslân soarge it ûnderwerp foar in soad diskusje. Aksjegroepen lykas 'Vroeg op stap' en 'Laat ons stappen' besochten mei hantekeningaksjes om politike oandacht te krijen foar harren fyzje op slutingstiden en alkoholgebrûk.
Beide groepen brochten arguminten nei foaren. 'Vroeg op stap' woe mei har plannen de tiid fan it yndrinken ferkoartsje.
Dêrfoaroer stelde 'Laat ons stappen' dat earder ophâlde just negative gefolgen hawwe kin.
In wurdfierder fan dy groep sei yn in ynterview:
"As wy earder ophâlde, sil de jongerein flugger drinke, wat noch slimmer is foar de sûnens. Boppedat steane der dan yn ien kear in soad dronken jongelju op strjitte, mei in slok op. Dat fersteurt de iepenbiere oarder."
Biology en in nije kâns
Njonken sosjale en histoaryske faktoaren spilet ek de biologyske klok in rol.
Jongelju hawwe fan natuere in ferskowing yn de biologyske klok. It lichem jout letter op de jûn in sinjaal om wekker en aktyf te bliuwen.
Yn kombinaasje mei it ferlet om út te gean, fielt it let stappen logysk.
Yn de coronatiid like der romte foar feroaring. Doe't alles wer iepen gie, besochten hoarekaûndernimmers yn Ljouwert it publyk earder nei binnen te krijen.
Dat hie doe positive effekten, seit Izak Rusticus fan Cafe de Prins yn Ljouwert. "It is folle geselliger yn 'e stêd en minsken binne positiver."
Mar grutte ynfloed hat it úteinlik net hân. Hjoed-de-dei binne de iepeningstiden noch aardich rom.
Yn Ljouwert slute kroegen pas om fiif oere moarns, wylst dat yn Dokkum en Drachten om fjouwer oere is. Dus let op stap, it is noch hieltyd mooglik.