Eaststellingwerf wol 'happy hours' ferbiede, mar de ried fynt it grutte ûnsin
Boargemaster Jack Werkman fan Eaststellingwerf wol happy hours yn de gemeente ferbiede. Want goedkeape alkohol moediget oan om mear te drinken. Dat is net yn line mei it gemeentlik belied.
Yn in happy hour kinne klanten profitearje fan legere prizen op bygelyks cocktails of bier.
It foarstel fan it kolleezje is om happy hours te ferbieden fia de 'Algemene Plaatselijke Verordening' (APV). Want dy koarting kin liede ta alkoholmisbrûk, tinkt it kolleezje.
De VVD yn de gemeenteried fynt it lykwols grutte ûnsin. Fraksjefoarsitter Bram van 't Klooster wie sels wat fernuvere troch it foarstel.
"Voor zover ik weet hebben wij geen horecagelegenheden met een happy hour. Het verbaasde de hele raad een beetje dat men het in het APV wilde brengen", seit er.
"Het mag wel wat drukker"
It is hielendal net drok yn de kafees yn Easterwâlde, Appelskea en Haulerwyk, joech Van 't Klooster oan.
Hy wol it sels omdraaie: as se mei in happy hour de saak fol krije kinne, dan soe in happy hour just wol in goed idee wêze.
"Ik weet niet of u bekend bent met het nachtleven in Ooststellingwerf, maar het mag wel een beetje drukker zijn in de kroegen. Die zijn helemaal niet zo vol", fertelt hy.
"Laat het lekker bij de ondernemer", fynt er dan ek. Hy hie nea ferwachte dat er nochris pleitsje soe foar in happy hour yn syn gemeente.
Boargemaster Werkman bleau lykwols fan betinken dat it net goed past by it alkoholbelied. "Het trekt jeugd aan waarmee de handhavers dan de handen vol hebben. Laten we op een andere manier jongeren aantrekken."
Van 't Klooster tinkt dat Eaststellingwerf mei de saneamde 'OWO-gemeenten' ien line lûke wol. Yn Opsterlân is wol sa'n ferbod, mar yn Weststellingwerf net.
Oft happy hours echt ferbean wurde yn Eaststellingwerf, bepaalt de gemeenteried letter dizze moanne.