Wol of net buorrelje by de bingo? Wetjouwing giet op 'e skop
Op in soad plakken is it wetlik net tastien: in buorrel by de bingo. It gebeurt op in soad plakken wol en yn de wetjouwing komt ek romte. Mar net elkenien is dêr bliid mei.
Alle tongersdeitejûnen fleane de nûmerkes troch de seal fan wykgebou De Schuttersheuvel yn Snits. Op de bingo fan Wijkvereniging Noorderhoek komme alle kearen wol 120 oant 130 minsken ôf. De seal hat in alkoholfergunning en dêrom wurdt oan de bar ek bier en wyn ferkocht.
'Hanthavenje net nedich'
Lokaasjes mei in alkoholfergunning meie lykwols gjin bingo's organisearje. Dat stiet yn de Alcoholwet.
Dochs hat de gemeente hat de feriening noch nea op de fingers tikke. Hanthavenje hoecht neffens sekretaris Ellie Ferwerda ek net, want der ha nei eigen sizzen noch nea problemen west mei besikers dy't te bot drinke.
"Het lijkt mij dat als je heel veel alcohol drinkt, je de bingo dan ook niet meer bij kunt houden", seit se. "En ik denk ook eerlijk gezegd dat als er geen alcohol geschonken wordt, ze dan wel wat anders gaan drinken. Want het gaan ze toch om de bingo."
Alkohol en risikofol gedrach
Hoewol't bingo in ûnskuldich spultsje liket, falt it juridysk ûnder de Wet op de Kansspelen. De Alcoholwet ferbiedt it organisearjen fan kânsspullen op plakken dêr't alkohol skonken wurdt, om't alkohol minsken oansette kinne soe ta ympulsyf gedrach.
Ek yn in romte dêr't in alkoholfergunning is, mar de bar ticht is, meie gjin bingo's plakfine.
Steatssekretaris Vincent Karremans fan Jeugd, Previnsje en Sport hat ferline wike sein dat hy foar de bingo in útsûnderingsposysje wol yn de Alcoholwet.
Dat betsjut dat doarpshuzen en oare mienskipslokaasjes dan net de kar hoege te meitsjen tusken it spultsje of it skinken fan alkohol, ek al ha se in fergunning.
Hoe't dizze útsûndering derút sjen sil, is noch net dúdlik. Foar sealen dêr't se de regels wol neilibje, fielt it krom dat de wetjouwing mooglik feroaret.
Bingo mei of sûnder alkohol
Krishan Anroedh is mei-eigener fan Zaal Enzo yn Ljouwert. Goed achttjin jier wiene der bingo's yn it pân, mar in nije oanfraach waard troch de gemeente ôfwiisd.
In bingo mei wol organisearre wurde as der gjin alkoholfergunning is, en dus hat Anroedh de fergunning fuorthelje litten. Dat hat hast sân moannen koste.
Yn in lytsere seal sûnder dy fergunning wurdt no de bingo hâlden, mar de feroaring hat soarge foar flinke ferliezen. "We zijn tienduizenden euro's misgelopen, terwijl bingo's in buurthuizen gewoon doorgaan."
Yn de seal dêr't no de bingo hâlden wurdt, meie gjin drankjes dronken wurde dy't dêr kocht binne. Wat de situaasje yngewikkeld makket, is dat minsken wol eigen konsumpsjes drinke meie. Ek alkohol.
Unbegryp by besikers
De feriening dy't de bingo organisearret, freget foar Zaal Enzo in eigen bydrage fan 2,50 euro de besiker om dit te kompensearjen. "Het is een manier om het misgelopen geld enigszins terug te krijgen", leit Anroedh út.
Dat fersyk soarge by besikers foar ûnbegryp en dêrom krije dielnimmers in muntsje dêr't se yn it skoft yn in oare seal in drankje mei helje kinne.
Anroedh hat der in soad klanten troch kwytrekke. Dêrom fynt er it ek ûnrjochtfeardich dat hy him oan de regels hâldt, wylst op oare lokaasjes mei in alkoholfergunning bingo's troch de fingers sjoen wurde.
"Dit is wel ons bedrijf"
"Wij worden schuin aangekeken, maar wij gaan niet de wet overtreden. Dit is wel ons bedrijf. Als wij onze vergunning verliezen, verliezen wij wel ons brood", seit Anroedh.
Hy hopet dat de foarstelde ferrommingen soargje foar earlike konkurrinsje. Al is Anroedh ferbjustere dat er mooglik wer fergunningen oanpasse moat.
Stichting Doarpswurk luts earder al oan de bel. De stichting stelde in 'bingomanifest' op om te pleitsjen foar soepeler regels foar buorreltsjes by de bingo's.
Oanlieding wiene brieven dy't de gemeenten Ljouwert en De Fryske Marren stjoerden nei buert- en doarpshûzen om harren te wizen op de wet, mei mooglik in boete ta gefolch.
Net te 'betutteljend'
"Der wie panyk en der wiene soargen fan: 'ja, as wy dy boete krije, dan kinne we eins net betelje'", seit foarsitter Theo Andreae fan Doarpswurk. Minsken komme neffens him by in bingo om mekoar te moetsjen. Dêr moat in drankje by kinne. "Wês dêr net te 'betutteljend' yn."
It manifest soe op 24 septimber oanbean wurde yn De Haach, mar troch de mooglike útsûnderingsposysje foar bingo yn de Alcoholwet is dat net mear nedich.