Omrop Fryslân

In kâld en snieïch jannewaris soarge foar winterwille en ûngelokken

Drokte op de Ryptsjerksterpolder
© Lennard Huntelerslag
De winter liet him op allegear wizen sjen yn jannewaris. De waarkoades fleagen ús om de earen en it late geregeld ta ûngelokken. De moanne wie sa'n twa graden kâlder as gewoan, mar de sinne wie der wol faker by.
Nei in mylde jierwiksel mei in soad wyn kaam de winter de earste wike al út it noarden wei ús provinsje binnen.
Der foel meardere kearen snie en op guon mominten lokaal mear as 25 sintimeter.
Aalsum út 'e loft wei mei snie
© Marcel Renou
It smiet foar it ferkear de nedige ûngelokken op, mar foar de measte minsken benammen sniewille. Oan de ein fan dy earste wike koene sels de redens oan troch matige en strange froast yn it wykein.
Mar dêrnei gienen de temperatueren wer omheech en ûntstie izel en teimist. Dat lêste kin barre as it kâlde wetter de waarmere lucht derboppe ôfkuollet sadat it focht kondinsearret.
Izel op 'e autoruten
© Omrop Fryslân, Tjitske Wiebenga
Der ûntstiet dan dus mist. Benammen it sicht om de Iselmar en de Waadsee hinne liet te winskjen oer.
Dêrnei wie de streaming inkelde dagen súdlik en wiene de temperatueren sawol oerdeis as nachts boppe it friespunt.

Winter nea fier fuort

Dochs wie de winter ek doe net fier fuort. It tredde wykein fan de moanne kaam kjeld út it súdeasten fan Europa mei in grutte omwei ús kant op.
Dat koe trochdat in hegedrukgebiet boppe Ruslân nei it suden sakke.
Dat je net altyd in iisbaan nedich ha foar iiswille, litte se sjen op It Hearrenfean
© Albert Thibaudier
It waard kâlder, mar dochs koe de 'echte' kjeld ús net berikke.
Yn de fjirde wike waard de streaming eastlik. Mar noch hieltyd slagge it de echte kjeld der net yn om ús te berikken. Yn it súdwesten fan it lân belibben se sels de earste maitiideftige dagen.
De sinne besiket troch de mist hinne te kommen by de Smelle Ie
© Anne van der Wal
Yn Fryslân bleau it yntusken berûn mei no en dan lichte rein.
Dizze rein foel troch de kâlde lucht hinne oan de grûn en soarge foar lokale glêdens by ús yn de provinsje. Yn Grinslân en Drinte soarge it sels foar iisbanen op diken dy't net struid wienen.

Hoe wintersk wie jannewaris?

Dat jannewaris 2026 útsûnderlik is yn fergelyk mei oare jierren, blykt ûnder oare út de melding fan in waarnimmer fan De Pein. Hy skriuwt dat it de kâldste jannewaris wie sûnt 2010.
Op Skylge wienen der fyftjin dagen mei froast. Yn Aldegea (Smellingerlân) wie it mei 23 froastdagen ek tige wintersk.
De trochsneedtemperatuer yn Ljouwert is útkaam op 1,3 graden, wylst 3,1 graden normaal is foar dizze moanne.

Sniefal

It wie net allinnich kâlder, der foel ek boppegemiddeld faak snie: it waarnimmersteam út de Wâlden skriuwt dat der ôfrûne moanne sa'n tolve of trettjin sniedagen wiene.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.