Miskien sjochst dizze dagen iispankoeken driuwen: mar wat binne dat?
It klinkt as in smaaklik resept, mar it is dochs echt in natuerfenomeen: iispankoeken. In ferskynsel dat je net al te faak tsjinkomme, mar dat koartlyn wol sichtber wie. Omrop-waarfrou Tjitske Wiebenga leit út.
Tongersdei wie der in samling iispankoeken yn de Pikmarhaven yn Grou te bewûnderjen.
Faak komt it net foar. Ferskate faktoaren spylje nammentlik in rol by de foarming. "Sa moat der froast wêze en bewegend wetter", seit Wiebenga. "Want by stilsteand wetter ûntstiet der in sletten iisflier."
Wat binne iispankoeken
Neffens Wiebenga binne der twa typen iispankoeken.
It earste komt by ús foaral foar. Under mear yn rivieren, marren, stuwen en gemalen. Hjir kinne de weagen stikkenslaan tsjin de kant.
"Yn wetter sitte aaiwiten dy't troch de klotsende beweging opkloppe flokken skom meitsje. By froast feroaret dat yn iis, dat troch it bewegende wetter losse parten kreëarret."
Nij skom bliuwt maklik plakken oan de pankoek. Sa wurde de skiven grutter. "It poffertsje wurdt in pankoek", leit Wiebenga út, dy't ek it 'kraachje' ferklearret.
"Trochdat it wetter dertsjinoan botst, spat der wetter krekt oer de râne. De drippen dy't lizzen bliuwe foarmje in iiskraach."
Ek yn kanalen of op see driuwt der iispankoek by it folgjende senario: iisbrekkers meitsje it iis stikken, dat net fuort raant. Troch wyn en streaming botse de losse stikken tsjininoar oan en ûntsteane de iisskiven.
Gdansk
Wiebenga fertelt dat se yn de haven fan it Poalske Gdansk yn 2018 bliid ferrast waard. Dêr dreaune pankoeken fan mear as in meter, dêr't se by ús faak tusken de tsien en tritich sintimeter binne. "Prachtich!"
Oft we yn Fryslân ynkoarten wer iisspankoeken spotte kinne, kin se net mei wissichheid sizze. "Mar de omstannichheden lykje geunstich. Dus ik soe sizze: hâld it wetter yn 'e gaten!"