Omrop Fryslân

Ljouwert hat der in nij museum by: "Mensen moeten kunnen zien wat we willen bewaren"

It nije museum
© Omrop Fryslân
Ljouwert hat der in nij museum by. It is net ien fol fitrines mei moaie items, mar in histoarysk pân mei in bysûnder ynterieur. It eardere wenhûs fan Frans Julius Johan van Eysinga, better bekend as it Huis van Eysinga, is no offisjeel in museum.
It gebou falt fuort op as je oer de Tweebaksmarkt kuierje. Lyk tsjinoer de eardere lokaasje fan it Fries Museum stiet it 18e-iuwske hearehûs dat eartiids it thús wie fan de hear Van Eysinga.
Mei ien haal oan de belle wurdt de doar iepene troch Tom van der Ploeg. Al mear as sân jier is er frijwilliger yn it gebou.
"Ik ryd hjir alle dagen noch mei in soad wille hinne", fertelt er.
Ljouwert hat der in nij museum by
Oan de binnenkant azemet it pân de aadlike grandeur fan de âld eigener. Oan wjerskanten fan de moarmeren gong binne sjike ûntfangstkeamers mei orizjineel stúkwurk en beskildere muorren te sjen.
Van der Ploeg hopet dat de nije status as offisjeel museum it hûs mear publyk lûke sil. "Ik hoopje dat ik dalik troch in hage fan minsken moat", grapket er.

Hendrick de Keyser

It gebou kaam yn 2016 ûnder behear fan de feriening Hendrick de Keyser. Sy hawwe rûnom yn Nederlân bysûndere lokaasjes, en wolle graach de histoaryske ynterieurs foar de neiteam bewarje.
Yn museumhûs Van Eysinga meist alle kasten en laatsjes iepenlûke
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
Om in grutter publyk te lûken, is de feriening fuort nei de oankeap oan de slach gien om de status fan museum te krijen, fertelt Cunera Vergeer.

Museumkaart

"Als we de huizen willen behouden voor toekomstige generaties moeten we ze open stellen voor publiek, zodat mensen kunnen zien wat we willen bewaren."
Mear as oardel miljoen minsken yn Nederlân hawwe in Museumkaart, wêrûnder ek in soad jongeren, seit Vergeer. De hoop is dat mei de nije status dizze groep by in besite oan Ljouwert ek it hûs oan de Twibaksmerk oandwaan sil.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.