Omrop Fryslân

Jessie genietet nei Spaanske operaasje wer fan elke hap yochert of bôle

Jessie Spoor-van de Weijer yn it sikehûs fan Málaga
© eigen foto
De operaasje fan Jessie Spoor-van de Weijer (42) fan Ljouwert is slagge. Foar it earst yn goed twa jier kin se wer ite. De operaasje wie mooglik wurden troch in crowdfundingsaksje wêrmei't 112.000 euro ophelle waard. "Het is een beetje onwerkelijk."
Spoor-van de Weijer leit noch yn it sikehûs fan Málaga. In wike lyn wie de grutte, spannende dei. Har aorta en de ier fan de nier waarden frijmakke sadat se net mear beknypt sitte soene. It idee dêrachter is dat de trochblieding better wurdt en der wer genôch bloed nei de organen takomme kin.
Dêrfoar waard ek har linkernier nei de rjochterkant ferpleatst, dy sit no ûnder har oare nier.

Earste hapkes iten

Har werstel giet ferrassend goed. "Ik zou eigenlijk vier dagen op de IC liggen, mar na één dag mocht ik er al af. Het zijn elke dag toch wel stappen die ik neem."
"Ik voel me best wel oké. Het is natuurlijk wel een grote wond en die pijn hoort er ook bij."
Nei twa jier oan de sondefieding kin se no wer ite. Earst lytse hapkes, mar ek dêr genietet se bot fan.

Crowdfunding

Spoor-van de Weijer krige twa jier lyn pine yn 'e búk en dêrnei hieltyd slimmere klachten.
De pine waard sa bot dat ite, sliepe en normaal funksjonearje net mear slagge. Yn Nederlân krige se operaasjes, mar dy soargen net foar ferbettering. Ferskate dokters seinen dat se de simmer fan 2026 net helje soe.
Mei tank oan in crowdfunding koe se nei Spanje foar de operaasje. Dy krige ek fia de fuotbalklup Cambuur in protte stipe, dêr wurke Spoor-van de Weijer as frijwilliger.
"Dat is natuurlijk een cadeautje. Dat je gewoon weer op iets kan kauwen en iets door kan slikken zonder de pijn die ik daarvoor had. Ik geniet van elke hap yoghurt of brood, het is een beetje onwerkelijk."

Krityk op dokter

De dokter dy't har operaasje dien hat, waard woansdei yn in ferhaal fan Nieuwsuur bot bekritisearre troch Nederlânske dokters. Dy betwivelje oft de Spaanske wize fan operearjen op lange termyn wol wurket en binne benaud foar ûnwerstelbere feroaringen yn it lichem.
De Spaanske dokter sels seit lykwols dat de suksesferhalen fan syn pasjinten wat oars sjen litte en dat hy besteande techniken brûkt.
Spoor-van de Weijer wurke ek mei oan de reportaazje fan Nieuwsuur, mar is teloarsteld en lilk oer it einresultaat. De krityk dy't Nederlânske dokters yn de reportaazje uterje, fynt sy net terjochte. "Voor mij was het de insteek om mensen in Nederland te helpen, maar dit maakt mensen eigenlijk alleen maar bang."
Jessie Spoor-van de Weijer siet goed twa jier oan de sondefieding
© Omrop Fryslân
Sels is se benammen bliid en heart ek fan oare pasjinten dat se tefreden binne.
"Ik vind de kritiek van de Nederlandse artsen gewoon zeer teleurstellend, het zijn dezelfde artsen die tegen ons zeiden: we kunnen niks meer voor je doen en succes ermee. Als het aan hen lag waren wij doodgegaan in Nederland, hier is gewoon nog hoop."

Bern komme nei Spanje

Spoor-van de Weijer hopet ek op in takomst sûnder klachten. "Het is nog een beetje koffiedik kijken. Mijn lichaam heeft wel een klap gekregen omdat het twee jaar in ondervoeding heeft geleefd. De tijd zal leren hoe het lichaam die klap oppakt. In principe zou ik mijn leven weer moeten kunnen oppakken."
Woansdei belibbet se yn elts gefal al in moaie dei. "Vandaag komen eindelijk mijn kinderen en ouders, daar kijk ik heel erg naar uit. Wat dat betreft is vandaag echt een feestdag."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.