Hellet kuorbalklup LDODK foar it earst de finale? "De ultime dream"
It is alle jierren de fraach dy't supporters op De Gordyk yn de besnijing hâldt. Hellet kuorbalklup LDODK foar it earst yn de histoarje de finale?
"Dat is wol de ultime dream ja", seit frijwilliger Wout Winter (69) wylst hy de binnenstreamende taskôgers it paad nei harren plak wiist. Snein stiet der in wichtige wedstriid yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk op it programma.
Koprinner LDODK krijt besite fan nûmer 3 Fortuna Delft. It is healwei de kompetysje en LDODK makket in goeie yndruk. Se hoopje dit jier einlik ris de finale te heljen.
Winter komt al 40 jier by de klup en helpt yntusken as frijwilliger. "We besykje it al jierren en sette alles op alles. Mar de finale helje slagge noch nea."
De kuorbal league, it heechste nivo fan Nederlân, is opdield yn twa fazen. Yn it earste part, de kompetysje, spylje klups om harren te kwalifisearjen foar de play-offs.
De boppeste fjouwer dogge dêr yn mei. As de kompetysje klear is, folgje dy play-offs mei in heale finale en finale. De finale wurdt úteinlik spile yn Ahoy en lûkt tûzenen taskôgers.
"Dat is echt geweldich", seit Winter. "It spul begjint te libjen en dat is krekt wat wy nedich ha."
Sporthal Koartsweagen is krekt ferboud en alles toant dat LDODK klear is foar de lêste stap. Gewoanwei docht it as outsider mei om de titel tusken grutte klups as PKC Papendrecht, mar dat moat oars.
"Wy wolle gewoan in kear meidwaan oan de finale yn Ahoy", seit foarsitter Gouke de Vries. "Dat is wêr't wy as spilers, frijwilligers, trainer, supporters en sponsors de lêste jierren op ynsette."
De earste stap wurdt set yn de kompetysje. LDODK stiet nei njoggen wedstriden earste.
"Dit is wol echt unyk, want it is net earder bard. We ha wol ris by de krysttiid op in earste plak stien, mar doe wiene wy der rap wer ôf. No is it jannewaris en steane we der noch."
Stabile faktor
"We hebben een hele goede verdediging die een stabiele factor geworden is", seit spylster Amber Klaren oer it sukses fan har klup.
"Dan kun je zelf aanvallend lekker meespelen en levert dat het op het einde van de wedstrijd vaak de winst op."
Mar yn de wedstriid tsjin Fortuna giet it net goed foar de Gordyksters. Se steane al binnen in pear minuten mei fjouwer goals op efterstân.
It slagget net mear om dat goed te meitsjen. Fortuna wint mei 22-32. Spylster Klaren baalt behoarlik fan it ferlies.
"We hadden er vandaag gewoon totaal geen grip op. Zij scoren veel te makkelijk en dan zie je gelijk dat we kwetsbaar zijn. Het is een off-day."
Finale yn april
De 1500 balende supporters drippe ûnder tafersjoch fan Winter ôf. Dochs bliuwt de hoop op de finale yn libben.
Der stean noch acht wedstriden op de planning en it plak by de earste fjouwer komt foarearst noch net yn gefaar.
Winter pakt dus mei in hoopfolle gniis op de holle syn guod yn en helpt de lêste supporters de doar út. "Dit wie efkes in lyts obstakel yn de reis en dat heart der somtiden by. Mar leau my, yn april stean wy yn de finale: let mar op."