Dit is de nije sporthal fan LDODK: "In Kuipke op 'e Gordyk"
Nei jierren fan plannen en bouwen is it nije sportsintrum Kortezwaag op De Gordyk feestlik iepene. De ambisjeuze kuorbalferiening LDODK hat no in moderne thúsbasis, dy't in ympuls jaan moat oan de hiele mienskip. "Ik krij der pikefel fan."
De âlde sporthal wie ferâldere en foldie net mear oan de easken. Yn 2023 joech de gemeenteried fan Opsterlân grien ljocht foar in grutte renovaasje en útwreiding.
LDODK iepenet nije sporthal op 'e Gordyk
It kompleks is folslein modernisearre en hat no net ien, mar twa sporthallen. Mei in ynvestearring fan 13 miljoen euro is it sintrum klear om it sporthert fan de regio te wurden.
De grutte sporthal, dy't benammen brûkt wurdt troch de kuorballers fan LDODK, hat in nije flier, útskobere tribunes en moderne klaaikeamers krigen. Dêrneist is der in lytsere sporthal bykaam, sadat ek gymnastyk, follybal en badminton hjir plakhawwe kinne.
Foarsitter Gauke de Vries fan LDODK is grutsk op it resultaat.
"Wy ha hjir in soarte fan arena makke, dêr't 1.500 minsken sitte kinne", sa seit hy. "Om it hiele fjild hinne hast in bytsje dat Ingelske fuotbalgefoel. Dat wie ek it idee fan Riemer van der Velde: in 'Kuipke'. Dat dat slagge is; ik krij der echt pikefel fan."
De Vries sjocht grutte mooglikheden foar de takomst.
"Wy ha hjir 13 jier keihurd oan wurke", sa fertelt hy. "Se sizze wolris: al it goeie komt stadich. Dit wie hiel stadich, mar ek hiel goed. Ik tink dat wy de moaiste kuorbalsporthal fan Nederlân hawwe. Dit hie ik yn myn ûndogenske dreamen net tocht."
WK kuorbal
De Vries hopet mei de nije akkommodaasje sels it WK kuorbal yn 2027 nei Fryslân te heljen:
"Wy fine dat wy mei dizze moaiste kuorbalhal it WK hjirhinne helje kinne."
Behearder Edward de Leeuw is grutsk. "Ik ha my ek wolris skamme foar de akkommodaasje", seit er. "Mar as ik hjir omrin, dan tink ik echt: wat ha wy it no moai foarinoar."
De Leeuw ferwachtet dat ek oare ferienings profitearje sille:
"LDODK hat De Gordyk op 'e kaart set. Mar ik ferwachtsje dat it sukses ek oerslaan sil op it follybal, it badminton en neam mar op."