Omrop Fryslân

Nederlânske gemeenten wrakselje mei personielstekoart: hoe sit dat yn Fryslân?

It gemeentehûs fan Ljouwert
© Gemeente Ljouwert
Nederlânske gemeenten sitte mei de hannen yn it hier. Se kampe mei in soarchlik personielstekoart, en dan wachtet der ek noch in flinke útstream fan pensjoenrjochthawwers. Hoe stiet it der yn Fryslân foar?
It oan board krijen fan genôch amtners is tsjintwurdich in wrakseling foar gemeenten, sa meldt de NOS.
Boppedat giet binnen tsien jier wierskynlik in tredde fan de wurknimmers mei pensjoen. It gemeentlik personiel fergrizet nammentlik hurder as de lanlike befolking.
Dêrom in rûnfraach by de Fryske gemeenten om te sjen oft sy ek ferlegen sitte om personiel.

"Genôch oanbod foar seleksjepetearen"

Yn Ljouwert is dat oer it algemien net it gefal, seit wurdfierder Marianne Faber. "Op de measte fakatueres ûntfange wy op it stuit genôch oanbod om seleksjepetearen mei kandidaten oan te gean."
Dit hinget lykwols wol bot ôf fan it soart profyl dat se winne, heakket se deroan ta. "By it iene profyl is de merk mear yn beweging as by swierdere of spesjalistyske profilen."
As foarbylden neamt Faber: sivile technyk, betûfte technyske en juridyske profilen.

"Utdaging"

Se betitelet it oanlûken fan personiel as "in útdaging". Mar oer de hiele liny wit Ljouwert de juste en foldwaande kandidaten ûnder kontrakt te bringen.
Gjin soargen dêr dus. Foarearst. Want sa'n fjirtich prosint fan it personielsbestân fljocht de kommende tsien jier út.

Arbeidskrapte en AI

Op de fraach wêrom't gemeenten dan dochs muoite hawwe mei de werving fan personiel, neamt se arbeidskrapte, fergrizing, en trochûntwikkeling fan funksjes as oarsaken. "Tink dêrby oan ynnovaasje, lykas AI."
Neffens Faber wachtet der in prachtbaan op amtners yn de dop.
"Je gean oan de slach foar ynwenners en ûndernimmers. Je ynnovearje, bouwe oan nije wenwiken en hâlde de soarch foar elkenien tagonklik. Je drage dus echt by oan je leefomjouwing", seit se. "En dat dogge we tegearre mei nij én bedreaun talint."
It gemeentehûs fan Smellingerlân
© Omrop Fryslân
Yn Smellingerlân is de ynstream stabyl en de fakatueres wurde meastal maklik ynfolle. Fan de lêste 90 fakatueres binne der 85 ferjûn.
"Yn 2025 ha we oant no ta 66 fakatueres online hân, yn 2024 wiene dat der 75 en yn 2023 noch 103. Dat lit in dúdlike delgong sjen. It is foar ús behearskber", seit Anna Karina Hiddema fan de gemeente.

Mjuks fan jong en âld

130 meiwurkers sette de kommende tsien jier ôf. Dat is 20 persint. "Dat is net soarchlik, mar freget wol om oandacht en goeie kennisoerdracht."
De gemeente leaut neffens Hiddema yn in mjuks fan jong en âld: "Sa kombinearje je ûnderfining mei nije ynsichten en bliuwt de organisaasje yn balâns."
Ek yn Dantumadiel gjin personielsproblemen
© RTV NOF
De gemeente Dantumadiel stiet sûnt 2024 amtlik wer op eigen skonken. Dêrfoar wie it fusearre mei Noardeast-Fryslân. De ferwachting wie dat it dreech wêze soe om wer eigen personiel oan te lûken. Mar de praktyk wie oars.
Dantumadiel koe genôch en prima kwalifisearre personiel fine, jout wurdfierder Thamar Beckx oan.
By lytsere gemeenten steane je tichterby de bewenners. Dat sprekt minsken oan.
Thamar Beckx, gemeente Dantumadiel
"Soms hawwe we der wol foar keazen om minder betûfte meiwurkers yn tsjinst te nimmen en harren yntern op te lieden en te begelieden." Op it stuit steane der in pear fakatueres iepen. Mar gjin inkelde foar langere tiid.
Beckx bestriidt dat it oantrekliker is om foar gruttere gemeenten te wurkjen, bygelyks fanwege in salarisferskil.
"By lytsere gemeenten steane je tichterby de bewenners. Dêrneist hast koartere linen en in soad eigen ferantwurdlikheid. Dat sprekt minsken just oan."
It gemeentehûs fan Harns
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn Harns hawwe se likemin problemen op dit mêd; dêr nimt it ferrin de ôfrûne jierren sels ôf.
Wol begrypt Joël Heiner dat net elkenien stiet te springen om by sa'n oerheidsorgaan oan de slach te gean.
"De oerheid wurdt faak sjoen as in logge organisaasje. Mar dat hoecht yn de praktyk net sa te wêzen", seit er. "Dat imago sprekt benammen krekt ôfstudearre lju minder oan."

Antisipearje

Heiner sjocht de takomst mei sinneskyn temjitte. Troch goed te antisipearjen op it fuortgean fan âldere wurknimmers, en it maklik oanlûken fan nij personiel, foarsjocht er gjin problemen. "Hjir yn Harns binne we posityf stimd."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.