In soad fakatueres en in soad minsken op de banemerk yn Ljouwert
Yn eltse sektor liket tsjintwurdich wol in personielstekoart te wêzen. Krekt om dy reden wie tongersdei in banemerk yn Ljouwert. Mei sukses, want der kamen in soad minsken op ôf.
Krekt nei de start fan de banemerk rint it Wilhelminaplein yn Ljouwert al aardich fol. Sechstich wurkjouwers hawwe harren hjir sammele om minsken oer te heljen foar harren te wurkjen.
Sa ek it betonbedriuw Haitsma. Karian Terpstra stiet hjir hjoed mei twa kollega's. It doel foar harren is simpelwei mear personiel te finen.
"Wy hawwe dochs in soad fakatueres en hawwe minsken nedich, fertelt se. "We besykje wat en wolle ússels op 'e kaart sette."
Njonken konkurrinten
Mei har bedriuw stiet se midden op it plein, njonken oare kollegabedriuwen, mar ek by har konkurrinten. Se besiket har te ûnderskieden troch in soad 'mond-tot-mond' reklame te meitsjen.
"Mar ek troch meiwurkers fan ús entûsjast te meitsjen om Haitsma te promoatsjen."
Pranger-Rosier hat 30 fakatueres iepen
Se hopet dat dizze merk nije meiwurkers opsmite sil. "Wy binne krekt begûn, mar ha al in pear potinsjele kandidaten. Ik tink dat it wol wat wurdt sa."
Jonge, talintearre minsken
Wa ek op de merk stiet mei syn funderingsbedriuw, is Kimi Lycklema.
"Wy besykje jonge, talintearre minsken binnen te heljen", seit er. "Wy besykje safolle mooglik binnen te heljen dy't ek ynteressearre binne yn it fak."
By syn bedriuw sykje se ferskate nije minsken. "By de kraan sykje wy minsken, op kantoar binne minsken wolkom, of yn de lashal."
Om minsken te oertsjûgjen, brûkt er syn eigen taktyk. "Bytsje roppe en raze, praatsje meitsje, binnen pear minuten safolle mooglik minsken binnenhelje."
Banemerk populêrder
De banemerk wurdt hieltyd populêrder ûnder wurkjouwers. Ferline jier stiene der 55 bedriuwen, mar dit jier 60. It soarte minsken dat op de merk ôfkomt, is hiel ferskillend.
"Van allerlei verschillende niveau's en achtergronden", fertelt Priscilla Drent fan de organisaasje.
"Het is echt voor iedereen en alle opleidingen. Voor starters, maar het kan ook zijn voor mensen die naar een andere sector willen. Er zijn veel opleidingstrajecten, of als je gewoon wilt rondsnuffelen kan dat hier ook."
Nije útdaging
Jeannet van Dalfsen is hjir hjoed om te sjen oft der in nije útdaging foar har tusken sit. "Ik haw fjirtjin jier as doktersassistinte wurke", fertelt se. "Doe seach ik dat de banemerk hjoed wie, dus ik sjoch om my hinne oft der wat foar my is."
"Ik sykje dochs wat mear 1-1, fokus op 1 kliïnt, mar it is noch in bytsje sykjen."
Wa't har ek oriïntearret op in nije baan is Yvana van der Knaap. Se hat lang foar Vitens wurke, mar siket no in baan as projektmeiwurker. "Misschien is hier wel iets wat ik niet op de vacaturesites zie", seit se. "Het is leuk om van mensen te horen over hoe en wat."
Foardat se earne oan de slach giet, wol se der wis fan wêze dat se de goede kar makket. "Dat kun je het beste te doen door mensen te vragen die er al een tijdje werken", tinkt se. "En tuurlijk, recruiters vertellen altijd mooie verhalen, maar het is fijn om een inkijkje te krijgen."
In foarbyld fan in bedriuw dat echt sit te springen om personiel is ynstallaasjebedriuw Pranger Rosier. It bedriuw hat 30 fakatueres iepenstean en dat oantal driget allinnich mar mear te wurden.
"It is in hiele brede beweging", seit direkteur Marc Mulder fan Pranger-Rosier oer it personielstekoart yn de technyk.
"De jeugd wurdt sa heech mooglik oplaat. Wy moatte wer normaal meitsje dat minsken fan de basisskoalle ôf wer foar in technyske oplieding kieze."
Dat oantal iepensteande fakatueres sil allinnich mar tanimme mei de groeiende technyk, tinkt Mulder. "De brâns groeit hurder as dat wy oankinne", seit er. "Wy sjogge nije wurkmetodiken. De hiele ferduorsuming freget in ôfgryslik soad fan de technyk."
Personielstekoart hat gefolgen
Dat personielstekoart hat gefolgen foar it bedriuw, seit Mulder.
"Wy moatte mei deselde minsken itselde wurk fersette. Dat hâldt yn dat we opdrachtjouwers soms teloarstelle moatte en dat se langer wachtsje moatte as dat we eins wolle soene. Dat is hiel ferfelend. It binne klanten dy't wy al jierren betsjinje."
Der leit in gouden takomst foar de technyk. Op alle ambysjes dy't wy hawwe, komt der noch folle mear technyk los.
Mulder moat mei syn bedriuw kreatyf wêze om it tekoart goed op te fangen. "Wy sjogge nei nije wurkmetoaden. Dat hâldt yn: digitalisearring, automatisearjen en it tapassen fan AI."
Nettsjinsteande it tekoart hat Mulder it folste fertrouwen yn 'e takomst. "Der leit in gouden takomst foar de technyk. Op alle ambysjes dy't wy hawwe, komt der noch folle mear technyk los. Ik ha der alle fertrouwen dat minsken de kar meitsje foar technyk."