Omrop Fryslân

Deropút dit wykein? Dit is der te dwaan yn Fryslân

Domela Nieuwenhuis yn Museum Heerenveen
© Omrop Fryslân
Flink wat fariaasje yn de aktiviteiten foar dit wykein! Kinst mear te witten komme oer beammen, of nei nijsgjirrige ferhalen harkje yn Heech. En wat tinkst fan in nije eksposysje oer Domela Nieuwenhuis?
We binne wer de Fryske aktiviteite-aginda's foar dy yndûkt, hjirûnder fynst ús tips.

Jazz yn Koarnjum

Foar wa't sneon nocht hat om te swingen yn in yntime setting is Koarnjum in ideale bestimming. Jazz Operators is in swingend jazz-pop-kwartet dat njonken de jazz-standards ek bekende popnûmers spilet.
It ensemble oan it wurk
© Jazz Operators
It kwartet is oprjochten yn de simmer fan 2024, en bestiet út fjouwer muzikanten mei in passy foar nije aventoeren. Ferwachtsje enerzjike medleys en werkenbere melodiën.
It konsert fan de Jazz Operators is om 20:00 oere yn it húskeamerteäter De Wier yn Koarnjum. De kaarten kostje 15 euro it stik, en binne allinnich beskikber foar minsken dy't har yn it foar oanmelden hawwe fia info@bobdeboerphotography.com.

Domela op it Hearrenfean

Fan sneon 7 febrewaris oant snein 14 juny is yn Museum Heerenveen in tentoanstelling oer Ferdinand Domela Nieuwehuis te sjen: "Domela: Verguisd en Vereerd".
Portret fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis
© Museum Heerenveen
De tentoanstelling lit sjen hoe't Domela útgroeide ta symboal fan de striid foar likens en rjochtfeardigens, en wêrom't syn ideeën ek hjoed de dei noch relevant binne.

Mear aktiviteitetips

Tips foar aktiviteiten krigest ek alle sneonen yn ús programma Op en Ut, tusken 09.00 en 12.00 oere. En fynst se yn ús kultueraginda.
Wolst ús tippe oer in aktiviteit? Brûk dan it oanmeldformulier.
Sintraal yn de tentoanstelling stiet in unike bondel mei teksten fan bekende keunstners út binnen- en bûtenlân. It is foar it earst dat dizze bondel yn syn gehiel te sjen wêze sil.
Museum Hearrenfean is sneon en snein fan 13:00 oere ôf iepen. Mear ynformaasje oer de tentoanstelling en de ferskate ticketprizen binne te finen op de webside fan Museum Heerenveen.

Klassyk trio byt spits ôf yn Wûns

Yn Wûns is kommende snein 8 febrewaris in primeur: dan fynt it earste konsert fan Podium Wûns plak. It Trio Hexapode mei de spits ôfbite.
It trio Hexapode
© Hexapode
It trio hat har oarsprong yn 1983, doe't fluitiste Annemarie van der Reijden, sellist Derk Stegeman en pianist Diederick Koornstra inoar moeten op it konservatoarium yn Ljouwert.
Yn 1989 folge Jan van Liere Koornstra op. En yn de jierren dêrnei is it repertoire fierder útwreide mei stikken fan Haydn, Ravel en Gaubert.
It konsert yn Wûns begjint om 15:00 oere, kaarten kostje 12,50 it stik en binne oan de doar te krijen of te reservearjen fia bestuur@stichtingkerkwons.nl. De lokaasje fan Podium Wûns is de tsjerke oan de Salverdastrjitte 4.

Betiid út de fearren

Foar wa't in moarnsminske is, hat It Fryske Gea sneon in moaie ekskurzje op de planning stean. Om 07:45 oere nimt in gids dy mei nei in peareltsje dat ferstoppe sit by Gytsjerk.
In einekoai fan it Fryske Gea
© It Fryske Gea
It is de Buismanskoai, in einekoai dy't yn it ferline brûkt waard om wylde einen mei te fangen. Krekt lykas eartiids is dit plakje ek no net frij tagonklik, mar in pear kear yn it jier wurdt der in útsûndering makke.
De rûnlieding duorret yn totaal twa oeren, en it wurdt oanret om goeie, wettertichte skuon oan te dwaan. Oanmelde kin fia de webside fan It Fryske Gea, en de kosten lizze tusken de 0 en de 4 euro.

Lêzing oer de doarpsgek

Wêr is de doarpsgek bleaun? Anne-Goaitske Breteler sjocht snein op De Lemmer yn in lêzing nei de behanneling fan psychyske oandwanings op it plattelân.
Anne-Goaitske Breteler
© Omrop Fryslân, René Koster
Breteler brûkt by har lêzing filmbylden, foto's en persoanlike ferhalen. Se besiket antwurden te krijen op grutte fragen oer psychology en it plattelân.
De lêzing 'De laatste dagen van de dorpsgek' begjint om 14:00 yn it Papageno Huis Fryslân op De Lemmer. Tagongskosten binne 12,50. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de organisaasje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.