Fryske krêft yn Grinslân: Norma Miedema keazen as 'Groninger van het jaar'
Hûnen, katten, hynders, herten, alpaka's, skiep, geiten en noch folle mear; Norma Miedema fangt op har pleats yn it Grinzer Noordhorn al jierren bisten op dy't handicapt, dumpt of slim siik binne. En dat smyt de Friezinne dit jier de titel 'Groninger van het Jaar' op.
De titel wurdt sûnt 1992 útrikt troch RTV Noord. De priis is bedoeld foar bysûndere persoanen dy't út Grinslân komme of har yn Grinslân ynset hawwe.
Miedema wie yn it ferline dûnseres en wenne yn Grikelân. Se kaam werom nei Nederlân mei yn fôle, in hûn, trije katten en in earrebarre op 'e achterbank fan har auto.
Se is opholden mei dûnsjen en hat har libben wijd oan de bisten. "Als kind was ik ook altijd al zo, redden wat er te redden valt."
Earetitel
Har ynset foar de bisten wurdt beleanne, want se hat koartlyn de titel 'Groninger van het jaar' krigen. "Dat is natuurlijk waanzinnig, een enorme eer."
Norma krige yn de ferkiezing tûzenen stimmen.
Hûn ut Iran
Yn totaal hat se 87 hûnen. Ien dêrfan is Malou. Malou komt út Iran en is blyn. Se waard dêr delsketten en is rêden troch freondinnen fan Miedema.
"Haar poten zaten vol kogels, die hebben ze eruit gehaald. Toen zijn er implantaten in haar poten gezet zodat ze weer goed kan lopen."
Trochdat se blyn is, rint se Miedema de hiele dei foar de fuotten. Dochs folje se inoar goed oan. "Ze is ook een tikje onnozel, maar ik ben echt dol op deze hond, ze is fantastisch."
Pleats yn flammen op
Miedema komt oarspronklik út Ferwert, dêr't se mear as 30 jier lyn begjint mei de biste-opfang yn har pleats. De opfang krijt de namme 'Norma's Universum'.
Sels hat se in swier motorûngelok hân, boppedat heart se net goed. Se wit derom hoe it is om te libjen mei in handicap. "Ik wil ook niet zielig gevonden worden, en dat willen de dieren ook niet. Die willen gewoon een beetje hulp."
Yn 2015 slacht it needlot ta. Der ûntstiet koartsluting en de pleats giet yn flammen op. Tsientallen bisten komme om it libben. "Dat is een trauma waar je nooit meer overheen komt."
Mar by de pakken delsitte, dat docht Miedema net. Mei help fan donaasjes slagget it har op in nije opfang op te setten, yn it Grinzer Noordhorn.
"Ik heb me ontzettend sterk gehouden, terwijl ik natuurlijk helemaal stuk was", seit Miedema.
"Ik heb me ontzettend sterk gehouden, terwijl ik natuurlijk helemaal stuk was", seit Miedema.
Se woe fierder foar de bisten, mar allinnich as it wat better wurde soe, ek foar harsels. En dat is slagge. "Het is onvoorstelbaar hoeveel hulp ik heb gekregen."
Se hat op har nije plak mear romte, bettere omstannichheden foar de bisten en boppedat sels in kachel yn 'e hûs.
Fryske Norma wint titel 'Groninger van het jaar'
Miedema sjocht tige posityf nei de takomst. Se hat wol in winsk en dat is dat minsken ophâlde fan fleis ite. Neffens har begjint leafde foar bisten op dyn board.
"Ik snap echt dat het moeilijk is, maar de voetafdruk van ons als mensen wordt gigantisch groot. Het kan allemaal wel wat minder."
Miedema krige yn de race foar de titel 'Groninger van het jaar' hast 60 prosint fan alle stimmen.
Net de earste Fries
Oare kânshawwers wiene de trainer fan FC Grins, Dick Lukkien, en de winners fan it Regio Songfestival, Jeroen Russchen en Iwan Esajas.
It is net de earste kear dat in Fries de titel op har of syn namme skriuwt. Yn 1996 krige dammer Jannes van der Wal, berne yn Driezum mar wenjend yn Grins, postúm de earetitel. Hy wie doe krekt ferstoarn.