Omrop Fryslân

Oaljeslachtoffers op Waadeilannen: doazen fol fûgels nei de opfang

Dizze fûgels binne nei de Fûgelpits ta brocht
© Rinaldo Korst
Op ferskate Fryske Waadeilannen binne fûgels fûn dy't mei oalje besmoarge binne. Under oare op It Amelân en Skiermûntseach binne fûgels rêden.
It giet om alken en seekoeten. De biste-ambulânse fan It Amelân hat tolve fûgels nei de fêste wâl ta brocht. By opfanglokaasje de Fûgelpits yn Moddergat wurde de fûgels fersoarge, sadat de bisten op termyn wer frijlitten wurde kinne.
Oalje kin derfoar soargje dat it pak mei fearen net mear wetterticht is en dan kinne fûgels sinke en ferdrinke.
Fûgels ûnder de oalje
© RTZ & Dierenambulance Ameland
Seehûnewachter Theun Talsma op Skiermûntseach hat al trije doazen mei oaljeslachtoffers nei in opfang ta brocht. Ek dêr giet it ûnder oare om seekoeten.
Foardat se de natuer wer yn kinne, moatte de fûgels wosken wurde mei sjippe. En se moatte opknappe.

Folsleine ferrassing

Earder dizze wike waarden al ferskate fûgels binnenbrocht by opfangen op Teksel en yn Den Helder. De fûgels binne mooglik it slachtoffer fan in oaljeflek op de Noardsee.
Bistefersoarger Jarco Havermans fan Ecomare tinkt dat de fûgels yn rauwe stookoalje kaam binne, seit er tsjin NH Nieuws.
"Het komt als een volslagen verrassing. Ik weet van de jaren 90 dat er in één winter wel honderden vogels binnen kwamen. Olievogels zien we gelukkig niet zo vaak meer."
Yn 2022 spielden noch wol ferskate seekoeten ûnder de oalje oan op it strân fan Skiermûntseach. Guon fan harren oerlibben it net.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.