Omrop Fryslân

Sus fan ferstoarne hurdrinner Loop Leeuwarden: "Jordi wilde record verbeteren"

Auke Zeldenrust sjocht werom op it ferhaal fan de ferstoarne hurdrinner Jordi De Vicq de Cumptich
© Omrop Fryslân
Wat in moaie dei mei in hurdrinrekôr wurde moast, einige yn in grut drama. Flak foar de finish fan de Loop Leeuwarden, sakke de 29-jierrige Jordi De Vicq de Cumptich fan Frjentsjer yn elkoar en ferstoar.
"De schok is groot, nog steeds", fertelt syn sus Bodil my in dik heal jier letter.
Se wol har ferhaal mei my diele om't Jordi nea fergetten wurde mei, seit se. In soarte fan earbetoan oan har broer, dy't trije jier âlder wie. "Jordi was heel sociaal, lief en betrokken. Een hele fijne jongen."
In betinkingsplak by de finish
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Bodil fynt it pynlik en dreech om yn gedachten werom te reizgjen nei in dei dy't har libben op de kop set hat.
Foar my as ferslachjouwer is dy reis nei it ferline folslein oars, al sjoch ik it allegear noch foar my: de ambulânses, de traumahelikopter, de skermen om in hurdrinner hinne. En achter dy skermen, al is dat net te sjen, doktoaren dy't fjochtsje foar in libben.

Tige waarm

It is snein 11 maaie, it is tige waarm. De organisaasje fan Loop Leeuwarden advisearret de mear as tsientûzen dielnimmers om goed te iten en te drinken, harren yn te smarren en rekken te hâlden mei de waarmte.
Lokkich binne der ûnderweis ekstra drinkplakken. Ik sjoch minsken al switten wylst se noch gjin stap set ha.
Jordi (twadde fan links) flak foar de start fan syn lêste heale maraton
© Eigen foto
Op it Aldehoustertsjerkhôf meitsje dravers harren op foar de ferskate ôfstannen. Tusken harren huppelet de 29-jierrige Jordi De Vicq de Cumptich fan Frjentsjer syn spieren los.
Jordi hat mei himsels ôfpraat om syn tiid by de heale maraton te ferbetterjen. Hy fielt him sterk en is goed traind. Noch efkes op de foto mei syn freonen en dan sil it heve.

Wrange foto

Dat dy groepsfoto makke is op it plein, ha ik sels net sjoen. Dat dielnimmer 9562, mei de hannen entûsjast yn de loft, de einstreek net helje sil, wit net ien.
It makket dit byld sa wrang, konfrontearjend en fertrietlik foar Bodil. "Kijk hem daar staan, zo gemotiveerd. Hij had er zo'n zin in."
De foto stiet no as in monumint op in taffeltsje, by Bodil thús yn Frentsjer. Ek op oare plakken yn de wenning sjoch ik portretten fan Jordi, Bodil komt har broer oeral tsjin.
"Want ik wil hem niet vergeten, ik mis hem elke dag."
Bodil sjocht nei de lêste foto fan har broer
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Werom nei de lêste kilometers fan de heale maraton. In freon dy't meirint, sjocht dat Jordi pikefel krijt en ekstreem begjint te switten. Op de Grienewei, 75 meter foar de finish, sakket Jordi yn elkoar.
Ambulânsepersoniel besiket him derby te krijen en begjint him fuortendaliks te reanimearjen, mar wylst de dielnimmers oan de Loop gewoan trochdrave, by de sike-auto's del, stjert Jodi. In longemboly mei in hertstilstân wurdt him fataal.

Weromsjen op 2025

No't 2025 ta de ein rint, sjocht Omrop Fryslân werom op bysûndere en nijsgjirrige ferhalen fan it ôfrûne jier.
Wat makke se spesjaal, wêrom foelen se op? En hoe is it no mei de haadrolspilers? Hjoed it ferhaal fan Jordi dy't meidie oan de Loop Leeuwarden, mar flak foar de finish ferstoar.
Bodil is dan oan it wurk en wurdt troch har heit op de hichte brocht. "Ik stortte in elkaar, letterlijk en figuurlijk. Vanaf dat moment is alles wazig. Verdrietig en niet te geloven."
It tryste nijs berikt de omstanners dêr't ik tusken stean. Oan de oare kant fan de dyk sjoch ik ontelbere triennen by famylje en freonen. Se sykje treast by inoar, guon hingje útteld tsjin in beam dy't nea wer in gewoane beam wêze sil.
Bodil komt geregeld by it betinkingsplak
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De eskdoarn wurdt in moetingsplak, ferbûn mei de man dy't hjir de lêste meters fan syn libben rûn. Bodil komt der geregeld mei famylje en freonen.
"Naast dat het een verdrietige plek is, is het ook een plek van verbinding voor iedereen die Jordi dierbaar is. In de zomer nemen we stoeltjes mee en eten we een hapje met z'n allen. Hier halen we herinneringen op en steunen we elkaar."
Der komt ynkoarten in spesjaal bankje by te stean.
Ek hjoed leit se in boskje blommen by de beam en fertelt se my wat it ferlies fan har âldste broer mei har dien hat. "Naast verdriet en pijn heb ik ook veel kracht, liefde en licht ervaren. En dat wil ik andere mensen meegeven."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.