Omrop Fryslân

Dielnimmer fan LOOP Leeuwarden ferstoarn; evenemint stillein

In traumahelikopter yn Ljouwert
© NoorderNieuws
In dielnimmer oan de heale maraton fan de de LOOP Leeuwarden is fan 'e middei ferstoarn. Dat meldt de organisaasje. De hurdrinner waard op 75 meter fan de streek net goed. Helptsjinsten hawwe noch besocht om de man te reanimearjen, mar dat mocht net mear bate.
De 5 en 10 kilometer dy't letter op de middei pland stienen, binne skrast. Troch it sinneskynwaar en de waarmte waarden ferskate minsken net goed. De druk op de EHBO-posten waard dêrtroch te grut.
De organisaasje fan de LOOP Leeuwarden oer it ferstjerren fan ien fan de dielnimmers
De organisaasje fûn it fanwegen de feilichheid net mear ferantwurde om troch te gean mei it evenemint.

Waarm waar

It wie yn Ljouwert snein mear as tweintich graden. By de heale maraton waarden hurdrinners kuolle mei spûnzen en iis.
Neffens de organisaasje binne de dielnimmers yn it foar op basis fan de waarberjochten ek warskôge om previntive maatregels te nimmen.
"We betreuren dat een van de incidenten zo is afgelopen", seit Jochem van Weelie fan de organisaasje. "Je weet dat het kan gebeuren, maar dan schrik je toch. Het is verdrietig. We leven mee met de nabestaanden."
De LOOP is in populêr sportevenemint. Der soenen sa'n 10.000 minsken meidwaan oan de wedstriid.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.