Omrop Fryslân

Rjochter beslút: Boer Bart betellet twangsom by iepenjen fan restaurant

Boer Bartele en syn bedriuw
© Omrop Fryslân
Boer Bartele Holtrop moat in twangsom betelje as hy syn restaurant dochs iepen docht. Dat hat de foarsjenningerjochter bepaald.
It beslút hâldt konkreet yn dat der yn de perioade oktober oant maart gjin njonkenaktiviteiten plakfine meie by it bedriuw fan 'Boer Bart' yn Rotstergaast.
De gemeente De Fryske Marren mei neffens de rjochter hanthavenjend optrede tsjin njonkenaktiviteiten dy't net passe binnen de omjouwingsfergunning dy't yn 2020 ferliend is.
De buorkerijwinkel is wol tastien, dy mei gewoan iepen bliuwe.

Kontrôles nei klachten

'Boer Bart' ferrjochtet njonken de agraryske bedriuwsfiering ferskate njonkenaktiviteiten, lykas in restaurant en in winkel. Nei klachten fan omwenners ein augustus fierde de gemeente meardere kontrôles út.
Dêrby waard fêststeld dat aktiviteiten bûten de fergunde perioade plakfine, faker organisearre wurde en foar in part fan in oare aard binne as tastien.

Fergunning en ûnderbouwing liedend

De rjochter oardielet dat de romtlike ûnderbouwing by de fergunning ûnderdiel útmakket fan wat tastien is. Aktiviteiten dy't dêrfan ôfwike binne yn striid mei it omjouwingsplan. Fan konkreet sicht op legalisaasje is neffens de rjochter gjin sprake.

Fersyk ôfwiisd

De belangen fan Boer Bart wage neffens de rjochter net swierder as it algemien belang fan hanthavening en de belangen fan omwenners. It fersyk om skorsing is dêrom ôfwiisd en de lêst ûnder twangsom bliuwt fan krêft.
Yn jannewaris sille de gemeente en Holtrop om tafel om te sjen oft hy mei de juste fergunningen dochs noch de njonkenaktiviteiten dwaan kin.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.