Gemeente-amtner bedrige om Boer Bart en ûntsnapte sirkusliuw rûn 25 jier lyn troch It Hearrenfean
In gemeente-amtner fan De Fryske Marren is online bedrige fanwegen it kolleezje-beslút dat boer Bartele Holtrop fan Rotstergaast ophâlde moat mei guon fan syn aktiviteiten. En 25 jier lyn swalke der trije oeren lang in sirkusliuw troch de strjitten fan It Hearrenfean.
It binne in pear opfallende ferhalen dy't we dizze wike publisearre ha. Hjir fynst fiif fan dizze ferhalen, foar elkenien dy't wat mist hat of nochris rêstich weromlêze wol.
Dit is ús seleksje fan dizze wike:
Online bedrigings om Boer Bart
In meiwurker fan de gemeente De Fryske Marren dy't belutsen wie by it beslút dat boer Bartele Holtrop fan Rotstergaast ophâlde moat mei guon fan syn aktiviteiten, wurdt op sosjale media bedrige.
It kolleezje hâldt de hanthavening yn stân, ek nei in oerlis mei Holtrop. Om dúdlikheid te krijen oer de saak, bûcht de rjochter him op 16 desimber hjiroer.
Untsnapte sirkusliuwen
Bewenners fan It Hearrenfean wreaune harren 25 jier lyn flink yn de eagen. Ynienen stie der in liuw op it dak fan in wenning foar it Posthuistheater oer. Dêr wie er ûntsnapt by in sirkusfoarstelling.
Arlette Hanson wie doe direkteur en heucht har de jûn noch goed: "Alle media stormden eropaf."
Deade wolf fûn
Yn it Drents-Friese Wold is in deade wolf fûn. De fynst waard dien op Drintsk grûngebiet, flak by Boyl. De plysje giet út fan in ûngelok as oarsaak fan de dea.
Twatalige ferkearsbuorden presintearre
'Gean werom!', 'Trochgeand ferkear', 'Doch jo ljochten oan' en 'Fytspaad'. Dizze teksten sille mei yngong fan takommend jier ferskine op de ferkearsbuorden lâns de Fryske diken.
It giet om twatalige buorden. Op advys fan in ferkearspsycholooch komt de Fryske tekst ûnder de Nederlânske tekst.
Skylger plysje siket fersideboarters
Bist net bang foar hûnen en hâldst fan fersideboartsje? Dan hast gelok ast op Skylge wennest. De lokale plysje dêr wurket mei oan in oefening mei speurhûnen.
Op tongersdei 18 desimber sille tolve hûnen fan de Landelijke Eenheid mei harren gelieders op syk nei de frijwilligers dy't harren ferskûlje meie yn de Formearumerbosk, de heide en de bunkers.