Klaas Henstra (15) bringt yn syn earste single in oade oan syn pake, sjonger Rommy
"Ik zing zo graag de liedjes van mijn opa, maar ook die van mijn vader en mijn oom. En als ik die zo voor publiek mag zingen, dan leef ik mijn eigen jongensdroom."
Fol oertsjûging sjongt Klaas Henstra út Twizelerheide it nûmer 'Jongensdroom', in oade oan syn pake, de sjonger Rommy.
De 15-jierrige stiet noch oan it begjin fan syn sjongkarriêre. 'Jongensdroom' is de earste eigen single dy't er no útbringt.
Yn de fideoklip dy't derby heart, giet Klaas del by it grêf fan syn pake, mar sjogge we him ek mei syn heit Trienes en omke Tjeerd.
"Daar bij het graf van de stem van de Wouden, is de zanger in mij pas echt ontwaakt", giet de sjongtekst.
Klaas sit noch op skoalle, docht in oplieding yn de bou. Mar no't er al geregeld optreedt yn feesttinten en op feestjes hat er de smaak te pakken. Hy soe it leafst in ferneamde folkssjonger wurde wolle.
Sjongen sit yn de genen
"Sjongen is my mei de brijleppel yngetten. It komt by ús heit wei, en by pake fansels en omke Tjeerd. Dus it giet allegearre wol wat fansels", seit Klaas. "It komt net fan ús mem, dy hâldt net fan sjongen!"
Pake Romke, better bekend as Rommy, wie in bekende sjonger. Hy waard 'De stim fan de Wâlden' neamd. Yn 2007 ferstoar hy, noch mar 57 jier, oan de gefolgen fan sloktermkanker.
It is in nûmer dat dy rekket. As je in bytsje in Rommy-fan binne, dan docht it je wat.
Rommy syn beide soannen, Tjeerd en Trienes, folgje syn spoar as sjongers fan it Nederlânsktalige liet. En no Klaas dus ek.
"Pake Rommy ha ik net kennen, hy is no in jier as 18 wei, en ik bin noch mar 15. Ik moat it ha fan filmkes op YouTube en fan ferhalen fan ús heit", fertelt de jonge sjonger.
Pake hie grutsk west
"As er dit noch sjoen hie..." Heit Trienes Henstra wit wol seker dat Rommy grutsk west hie op syn pakesizzer. "Echt in nûmer dat dy rekket, my ek. As je in bytsje in Rommy-fan binne, dan docht je dat wat."
Klaas hat no ien of twa kear yn 'e wike in optreden, mar hy giet ek in protte mei syn heit mei te sjongen. Hy oefenet thús yn syn 'mancave' op souder, dêr't hy ek gauris mei syn maten sit.
De wanden fan de romte binne behongen mei singletsjes, mar ek mei foto's fan de muzikale leden fan de Henstra-famylje.
"Ik sjong hjir geregeld, myn stim wat traine. Mar as kammeraten prate we hjir ek oer fan alles, oer skoalle en it deistich libben. En sa no en dan oer famkes, haha."
"Hy is der echt foar berne, dat sjongen", seit Trienes. "Altyd oan it sjongen, altyd dermei dwaande. En Nederlânsktalich is wer hielendal yn, ek ûnder de jeugd. Dat myn soan it no oernimt, is prachtich om te sjen."
Jild op tafel om te sjongen
It duorre earst wol even foardat Klaas safier wie dat er foar publyk sjonge woe. "Op in feestje hiene we sels allegearre wat sinten op tafel lein en der lei in bêst bedrach. Mar hy woe net, hy doarde net", fertelt Trienes.
"Mar no kin it him neat mear skele. Oft it no om 1.000 of 5.000 man giet, hy jout der neat mear om. It is echt syn passy!"
"Ik wit net wat dat is, dat sjongen", seit Klaas. "It sit deryn en it komt der fuort net mear út. De minsken wat fermeitsje en de gesellichheid by feestjes ensa, ik fyn it moai. En ik jou altyd hûndert prosint!"
"... Zo zal mijn opa nooit voorgoed verdwijnen, en ga ik door met wat hij het beste kon", klinkt it ferske fan Klaas.
Sjoch hjir de reportaazje oer Klaas en Trienes Henstra dy't HEA! makke:
Earste single fan Klaas Henstra (15) is in oade oan syn pake, sjonger Rommy