Omrop Fryslân

Plysje fynt hast 100 kilo oan yllegaal fjoerwurk yn Drachten, man oanholden

Yllegaal fjoerwurk yn Drachten
© Politie Basisteam Oost-Fryslân
De plysje hat 88 kilo ferbean fjoerwurk fûn yn in wenning yn Drachten. It giet ûnder oare om shells, grûnmortieren, oar knalfjoerwurk en sa'n 200 gram oan flitspoeier.
Dat lêste is in tige gefoelige eksplosive stof, dy't al ûntstekke kin mei in lyts fonkje. It sit ûnder oare yn de yllegale Cobra's.
Neffens de plysje is it fjoerwurk te fergelykjen mei sa'n fjouwer hângranaten.
In man fan 40 jier út Drachten is oanholden foar de fynst. De plysje fertinkt him fan it besit fan it ferbeane fjoerwurk.

Ek fjoerwurk op oare lokaasje

Op basis fan de ynformaasje nei de ynfal oan de Engwerd, hat de plysje ek yn in hûs oan de Langewyk yn Drachten sjoen. Dêr is nochris 7 kilo oan yllegaal fjoerwurk fûn.
De plysje docht noch ûndersyk nei wêr't it fjoerwurk krekt weikomt en nei in eventueel ferbân tusken beide fynsten.
Mear 112-nijs fynst yn ús liveblog fan hjoed:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.