Liveblog | 17 desimber 2025

Auto yn 'e brân op rotonde op It Hearrenfean | Lanlike steuring by ynformaasjebuorden NS foarby

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 17 desimber 2025, 17:39
17:39

Steuring ynformaasjebuorden foarby

De lanlike steuring mei de ynformaasjebuorden by de NS is ferholpen.
Al kinne der noch wol problemen wêze mei it ynchecken mei in bankpas of telefoan.
15:37

Auto yn 'e brân op rotonde op It Hearrenfean

De auto is by it riden yn brân flein
© Jerfi Pompier / NoorderNieuws
Op It Hearrenfean is in auto yn 'e brân flein by it riden. Dat barde op in rotonde op de Koornbeursweg.
It is net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe, mar de auto rekke bot skansearre.
De ynsitters binne net ferwûne rekke.
14:14

Lanlike steuring by ynformaasjebuorden NS

De buorden op 'e stasjons litte gjin ynformaasje sjen
© NOS
Troch in lanlike steuring by de NS dogge de ynformaasjebuorden op 'e stasjons it net. Boppedat is de ynformaasje yn 'e reisplanner net altyd aktueel.
De buorden op 'e perrons litte no in wyt skerm sjen.
Wannear't de steuring oplost is, is noch net bekend. De tsjinstregeling soe gjin lêst hawwe fan 'e steuring.
14:12

Slachtoffer sjitynsidint is 24-jierrige Ljouwerter

It slachtoffer fan it sjitynsidint yn it sintrum fan Ljouwert, is in 24-jierrige man út de Fryske haadstêd. Hy is swierferwûne rekke. Dat meldt de plysje.
De plysje hat noch gjinien oanholden foar it sjitynsidint. "We zijn op zoek naar een of meerdere verdachten", seit in wurdfierster.
12:55

Plysje fynt hast 100 kilo oan yllegaal fjoerwurk yn Drachten

Yllegaal fjoerwurk yn Drachten
© Politie Basisteam Oost-Fryslân
De plysje hat 88 kilo ferbean fjoerwurk fûn yn in wenning yn Drachten. It giet ûnder oare om shells, grûnmortieren, oar knalfjoerwurk en sa'n 200 gram oan flitspoeier.
Dat lêste is in tige gefoelige eksplosive stof, dy't al ûntstekke kin mei in lyts fonkje. It sit ûnder oare yn de yllegale Cobra's.
Neffens de plysje is it fjoerwurk te fergelykjen mei sa'n fjouwer hângranaten.
In man fan 40 jier út Drachten is oanholden foar de fynst. De plysje fertinkt him fan it besit fan it ferbeane fjoerwurk.
Ek fjoerwurk op oare lokaasje
Op basis fan de ynformaasje nei de ynfal oan de Engwerd, hat de plysje ek yn in hûs oan de Langewyk yn Drachten sjoen. Dêr is nochris 7 kilo oan yllegaal fjoerwurk fûn.
De plysje docht noch ûndersyk nei wêr't it fjoerwurk krekt weikomt en nei in eventueel ferbân tusken beide fynsten.
10:43

Oanhâlding nei grutte drugsfynst yn Ljouwert

De plysje dielde ûnder oare dizze foto fan pûdsjes mei kokaïne
© Plysje Fryslân
Foar de grutte drugsfynst oan de Canadezenlaan yn Ljouwert hat de plysje in man fan 31 út Ljouwert oanholden.
By de ynfal waard ferline wike foar hûnderttûzenen euro's oan drugs en produksjemateriaal fûn.
De man dy't oanholden is, wurdt fertocht fan it produsearjen fan ferdôvjende middels.
De plysje docht fierder ûndersyk nei wêr't de middels weikomme en nei oare mooglike belutsenen.