Omrop Fryslân

Slachtoffer sjitynsidint is 24-jierrige Ljouwerter, plysje siket noch nei fertochte(n)

De plysje op de Nieuwestad, flakby de krusing mei it Herenwaltje
© CAMJO Media
It slachtoffer fan it sjitynsidint yn it sintrum fan Ljouwert, is in 24-jierrige man út de Fryske haadstêd. Hy is swierferwûne rekke. Dat meldt de plysje.
De plysje hat noch gjinien oanholden foar it sjitynsidint. "We zijn op zoek naar de verdachte(n)", meldt in wurdfierster.
Fuort nei it sjitynsidint, tiisdeitejûn om 20.10 oere hinne, hat de plysje in soad minsken op strjitte sprutsen en kamerabylden opfrege.
Dochs docht de plysje ek in oprop oan minsken om har noch te melden mei ynformaasje, as se dy noch net mei de plysje dield ha.

Slachtoffer socht help op Wirdumerdijk

It byld fan de plysje is dat de sjitterij op de Nieuwestad wie en dat it slachtoffer dêrnei nei de Wirdumerdijk gien is foar help. Dat komt oerien mei wat tsjûgen earder al seinen.
De wurdfierster befêstiget boppedat dat der ferskate kearen sketten is. Hoe faak krekt, dat ûndersiket de resjerzje noch.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.