Liveblog | 16 desimber 2025

Ien persoan ferwûne by sjitynsidint op Nieuwestad yn Ljouwert, noch gjin fertochte oanholden

Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.

Lêst bywurke: 16 desimber 2025, 21:29
21:29

Plysje docht ek ûndersyk by Herewaltje

De plysje docht ûndersyk op de krusing fan de Nieuwestad mei it Herenwaltje
© CAMJO media
De plysje docht op dit stuit ûndersyk op meardere plakken yn Ljouwert. Ek de krusing fan de Nieuwestad mei it Herenwaltje is dêrom ôfsletten.
Foar safier bekend is der noch hieltyd gjin fertochte oanholden.
20:56

Ien persoan ferwûne by sjitynsidint, noch gjin fertochte oanholden

De plysje docht ûndersyk nei it sjitynsidint
© Ricardo Veen / NoorderNieuws
By it sjitynsidint op de Nieuwestad yn Ljouwert is ien persoan ferwûne rekke, meldt de plysje. Der is noch gjin fertochte oanholden.
De plysje ûndersiket op dit stuit wat der krekt bard is.
20:40

Mooglik sjitynsidint yn sintrum Ljouwert

Mooglik sjitynsidint yn Ljouwert
© BTBmedia
Yn it sintrum fan Ljouwert hat mooglik in sjitynsidint west. Dat soe bard wêze op de krusing fan de Nieuwestad mei de Wirdumerdijk.
Meardere ambulânsen binne op it plak. Der soe yn elts gefal ien persoan ferwûne rekke wêze.
It is net dúdlik oft der al in fertochte oanholden is.
15:29

Man krijt selstraf foar njoggentjin strafbere feiten yn njoggen moannen

In 22-jierrige man dy't op dit stuit yn in ynstelling yn Beetstersweach ferbliuwt, hat fan de rjochter in selstraf fan 21 dagen en 120 dagen jongereindetinsje ûnder betingst oplein krigen foar leafst njoggentjin strafbere feiten yn njoggen moannen tiid.
De man siet yn dy perioade yn ferskate oare ynstellingen, wêrûnder yn Boalsert en Frjentsjer. Yn dy regio soarge hy foar in soad oerlêst. Sa sloech er ûnder oaren it rút fan in juwelier yn Boalsert en in supermerk yn Snits yn en waard er ek fertocht fan in ynbraak en stellerij.
Doe't er oerpleatst waard nei in ynstelling yn Frjentsjer gie er gewoan fierder mei stellerij en ynbrekken. Ek flibe er in plysjeman yn it gesicht en bedrige er in meiwurker fan in winkel yn Frjentsjer mei in mes.
Foar de rjochter sei er spyt te ha fan dy perioade. Hy soe ferkearde freonen hân ha, dronk folle en brûkte softdrugs.
De man sit no yn in ynstelling yn Beetstersweach en dêr liket it better mei him te gean. Hy reagearret goed op 'e terapyen dy't er folgje moat. Om dy positive line net te fersteuren besleat de rjochter him in straf op te lizzen dy't lyk is oan it foararrest.
15:18

Kat en hûn rêd by brân yn Ljouwert

De brân oan de Willemskade yn Ljouwert is ûnder kontrôle. Der wie brân op de earste en twadde etaazje, dêr't no in soad skea is.
Der wienen gjin minsken mear yn it gebou, mar de brânwacht hat ferskate húsbisten rêd. Yn alle gefallen in kat en in hûn binne út it gebou helle.
14:03

Sel- en taakstraffen foar kokaïnewaskerij yn Aldwâld

Fiif fertochten dy't op 17 desimber ferline jier by in ynfal yn in kokaïnewaskerij yn Aldwâld oppakt binne, binne moandei op basis fan prosesôfspraken feroardiele ta sel- en taakstraffen.
Trije fan de fertochten komme út Kolombia en binne neffens de rjochter nei Nederlân ta kaam om dat sy kennis ha oer it produksjeproses fan kokaïne. Sy krije 25 moannen sel.
De oare twa fertochten komme út Leiden. Sy krije wurkstraffen fan 168 en 240 oeren; harren selstraf ha se yn foararrest útsitten.
De kokaïnewaskerij hat minder as in moanne yn wurking west, foardat de ynfal plakhie. Njonken de fertochten waard foar hûnderten kilo's kokaïne en gemikaliën fûn.
Justysje en fertochten kinne prosesôfspraken mei elkoar meitsje. Troch sokke ôfspraken kinne strafsaken rapper ôfhannele wurde en falle straffen faak leger út.