Liveblog
|
15 desimber 2025
Plysje fynt foar hûnderttûzenen euro's oan drugs yn Ljouwert
Hjir fynst in oersjoch fan ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 15 desimber 2025, 20:06
20:06
Plysje fynt foar hûnderttûzenen euro's oan drugs yn Ljouwert
Yn Ljouwert hat de plysje in grutte partij ferdôvjende middels en produksjematerialen fûn yn in gebou oan de Canadezenlaan. De strjitwearde fan de fangst wurdt rûsd op meardere hûnderttûzenen euro's.
It die bliken dat it gebou ynrjochte wie foar de ferwurking, it parsen en it ferpakken fan ferdôvjende middels. Der waarden ûnder oare twa grutte drugsparsen, 662 foarferpakte pakketsjes kokaïne, fersnijingsmiddels en sa'n 40 kilogram hasj oantroffen.
Al it guod is yn beslach naam foar fierder ûndersyk en sil dêrnei ferneatige wurde. De plysje ûndersiket noch wêr't de oantroffen middels weikomme en wa't de mooglike belutsenen binne.
De ynfal waard dien yn it ramt fan in plysjeûndersyk nei organisearre drugskriminaliteit.
15:20
Fytster oantaaste yn Skarsterbrêge, plysje op syk nei fertochte
De plysje is op syk nei in man dy't fertocht wurdt fan it oantaasten fan in fytster op fytspaad De Scharren yn Skarsterbrêge. Dat barde op freed 28 novimber om 07.15 oere hinne, meldt de plysje.
De fertochte blokkearre it fytspaad mei in fyts en doe't it slachtoffer hjir foar ôfstapte, waard sy oantaast. It slachtoffer koe oan de man ûntkomme troch him in skop te jaan en fuort te fytsen.
Neffens de plysje is de man tusken de 30 en 40 jier âld en hat er in ljochte hûdskleur. Hy is tusken de 1,75 en 1,85 meter lang. De fertochte is keal en hie by it ynsidint in swarte jas en swarte spikerbroek oan. De man hie in frouljusfyts by him.
Tsjûgen socht
De plysje wol no yn kontakt komme mei tsjûgen fan it ynsidint. Minsken dy't mear ynformaasje ha of mooglik witte wa't de fertochte is, kinne belje mei de plysje. Dat kin ek anonym.
09:53
Fytster Wolvegea ferwûne nei oanriding mei auto
Yn Wolvegea is moandeitemoarn in frou ferwûne rekke neidat se op har fyts yn botsing kaam mei in auto.
Neffens ús korrespondint seach de frou by it oerstekken de auto oer de holle. De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.
09:10
File op A7 tusken Tynje en It Hearrenfean foarby
It ferkear op de A7 tusken Tynje en It Hearrenfean kin wer trochride. De eardere beheinings binne foarby.
08:41
File op A7 tusken Tynje en It Hearrenfean
Ferkear op de A7 tusken Tynje en It Hearrenfean moat rekken hâlde mei fertraging.
Wegens in earder ûngemak is der fanwegen bergings wurksumheden ien rydbaan ôfsletten foar it ferkear. By it ûngemak rakke safier as no dúdlik is gjin minsken ferwûne.
Yntusken is de dyk wer frij jûn.
08:07
Tankstasjon Harns ôfsletten fanwegen mooglike lekkaazje
In tankstasjon oan de Verlengde Edisonstraat yn Harns is ôfsletten omdat in frachtwein mooglik brânstof lekke soe. Ek de strjitte is ôfsletten.
De brânwacht docht ûndersyk.