Omrop Fryslân

Hoe helpst húsdieren dy't bang binne foar fjoerwurk? Tips fan in gedrachsterapeut

De measte hûnen moatte neat fan fjoerwurk ha
© Shutterstock.com
De hûn dy't senuweftich rûntsjes rint en poes dy't fersidekrûpt. It binne sinjalen fan húsdieren dy't in hekel ha oan fjoerwurk. En no't we wer tichter by âld & nij komme, is der hast alle dagen alwer fjoerwurk te hearren.
Gedrachsterapeut Tinie Dekker-Riemersma fan Kollum jout lêzingen en praktyklessen om te helpen by de fjoerwurkeangst fan húsdieren.
"Ik jou biste-eigeners hânfetten hoe't se hjir it bêste mei omgean moatte, want dy eangst hielendal fuortnimme, kin eins net."
Eangst foar fjoerwurk nimme je nea hielendal fuort
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Eins spilet it probleem fan eangstige bisten al folle earder yn it jier", fertelt de terapeut.
"Want hûnen dy't alris earder hiel bot skrokken binne, kinne fan septimber ôf, as it wer tsjusterder begjint te wurden, de eangst al krije, sa fan: der bart wer wat."

Oare hâlding troch stress

Hûnen dy 't al wat benaud binne foar lûd of dy't ferlittingseangst ha, binne ek gefoeliger foar fjoerwurk neffens Tinie.
"Yn lêzingen lis ik út wêr't de eigeners om tinke moatte en wat de hûn foar sinjalen jout. In stresssinjaal is bygelyks in hiele oare hâlding as gewoanlik, dat werkent net elkenien."
Tinie Dekker-Riemersma is gedrachsterapeut hûnen en katten
© eigen foto
Foar pups dy't noch net fjoerwurk meimakke ha, is der in 'vuurwerkpraktijktraining'.
"Dat kin helpe dat se der al in bytsje oan wenne. Folwoeksen hûnen dy't al hiel bang binne, kinst noch ûnderstypjende middels of medikaasje jaan."
Bisten ha no ienris gauwer eangst. Wy kinne it relativearje, in bist kin dat net.
Tinie Dekker-Riemersma, gedrachsterapeut foar hûnen en katten
Tinie fernimt ek dat om dizze tiid fan it jier in soad hûnen útnaaie.
"Omdat minsken se dan dochs noch even yn de tún ha. Se skrikke fan in knal, en in hûn flechtet dan en ek katten lûke harren werom."
Lit poes net bûten op âldjiersdei
© Shutterstock.com
Mar der binne ek tips om húsdieren dochs sa goed mooglik troch dizze fjoerwurktiid te helpen, lykas in oar útlitskema.

Earder nei hûs ta of binnenbliuwe

"Net tinke: de hûn moat syn normale rûntsje rinne. Wol er wer nei hûs, doch dat dan ek gewoan as er syn behoefte dien hat."
"Katten moatst hoe dan ek net bûten litte de lêste pear dagen, dan mar op de kattebak. Mar yn alle gefallen âldjiersdei net. Katten krûpe ferside, dan fynst se foarearst net."
It eangstige dier negearje, is ek gjin goed idee, seit Tinie. "Soargje dat der in fertroud persoan by is om it bist te stypjen."
Lûdsbeskerming foar de hûn
© ANP
It bêste is fansels dat elkenien gewoan rekken hâldt mei de bisten om dizze tiid hinne.
"Ek oar fee, lykas hynders, hat lêst fan fjoerwurk. Bisten ha no ienris gauwer eangst. Wy kinne it beredenearje en relativearje. In bist kin dat net, dy kin allinne mar flechtsje!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.